Nederlânsk Blazers Ensemble jout benefytkonsert foar Oekraïne

maart 4, 2022 08:41 Fernijd

It Nederlânsk Blazers Ensemble (NBE) jout op snein 13 maart yn Philharmonie Haarlim in benefytkonsert foar Oekraïne. It NBE spilet de foarstelling Van de Lach en de Traan, de opbringst giet nei Stichting Vluchteling, giro 555.

Boarne: NBE

“It inisjatyf komt fuort út it machteleaze gefoel dat we by it NBE hawwe oer de freeslike oarloch yn Oekraïne. Mear as 600.000 minsken binne it lân ûnderwilens ûntflechte”, seit artistyk lieder Bart Schneemann. “Wy fregen ús ôf wat we as musisy dwaan koene. Yn dizze tige spannende tiid gripe wy nei ús krêftichste wapen: muzyk. Troch it organisearjen fan in benefytkonsert wolle wy de Oekraïners in hert ûnder de riem stekke en harren finansjeel bystean. Dat kinne wy dwaan troch muzyk te spyljen dy’t rjocht út it hert komt. Klanken dy’t reitsje.”

Oade oan de frede – just no
It Nederlânsk Blazers Ensemble hat in hechte gearwurking mei Stichting Vluchteling. Mei-inoar bringe sy alle jierren op ’e Dei fan de Frede in muzikale oade oan de frede en freegje se fia de konserten omtinken foar de miljoenen flechtlingen yn ’e wrâld.

De benefytfoarstelling op snein 13 maart begjint om 20.00 oere yn de Philharmonie yn Haarlim. Kaarten binne hjir te bestellen.

maart 4, 2022 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.