Nederlân begjint nije proseduere tsjin Ruslân fanwege delheljen MH17

maart 14, 2022 08:56

Nederlân begjint mei Australië in proseduere tsjin Ruslân by de ynternasjonale boargerloftfeartorganisaasje fan de Feriene Naasjes (ICAO) fanwege it delheljen fan flecht MH17. Dat skriuwt it kabinet yn in brief oan de Twadde Keamer.

Foto: pixabay.com

Neffens it kabinet hat Ruslân mei it delheljen fan flecht MH17 it Ferdrach fan Chicago skeind. Yn dat ferdrach út 1944 is fêstlein dat lannen soargje moatte dat boargerloftfeart feilich ferrint. Yn it brief skriuwt it kabinet dat Ruslân dat ferdrach skeind hat “troch it ûnrjochtmjittich gebrûk fan in wapen tsjin in boargerloftfartúch.”

Minister Harbers fan Ynfrastruktuer neamt it wichtich dat ynternasjonaal fêststeld en erkend wurdt dat Ruslân ferantwurdlik is. “Dêr hawwe neibesteanden rjocht op.” Minister Hoekstra fan Bûtenlânske Saken follet oan dat “de dea fan 298 boargers net sûnder konsekwinsjes bliuwe kin en mei.”

Neffens it kabinet stiet de proseduere by de Feriene Naasjes-organisaasje los fan de oarloch dy’t no yn Oekraïne geande is. “De stap is nommen nei in soarchfâldige tarieding dy’t no pas ôfrûne wurde koe en stiet yn dy sin los fan de hjoeddeiske ûntwikkelingen”, skriuwe de ministers.

By de ramp yn ’e simmer fan 2014 kamen alle 298 passazjiers om it libben, mei dêrûnder 196 Nederlanners en 27 Australiërs. It tastel fan Malaysia Airlines waard delsketten boppe East-Oekraïne, dêr’t op dat stuit pro-Russyske separatisten en it Oekraynske leger swier yn gefjocht wiene. De separatisten litten ferlies en soene yn Ruslân om swier ôfwargeskut frege hawwe. Ruslân soe de Buk-raketynstallaasje doe útliend hawwe, al ûntkent it lân dat.

maart 14, 2022 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.