NASA wol twadde moannelâner njonken Starship fan SpaceX
Resint ferskynd
NASA sil bedriuwen de mooglikheid jaan om in twadde moannelâner te ûntwikkeljen foar it nije Artemis-programma om astronauten op ’e moanne te setten. Dat hat de romtefeartorganisaasje bekend makke.

SpaceX Starship (ôfbylding: SpaceX)
Yn 2021 keas NASA SpaceX foar it bouwen fan de earste moannelâner, dêr’t de earste Amerikanen yn goed fyftich jier wer mei op it oerflak fan de moanne delkomme moatte. Mar it bedriuw fan Elon Musk is faaks net it iennige dat in moannelâner foar it Artemis-programma leveret. NASA hat oankundige dat it de ûntwikkeling fan in twadde lâner yn gong sette sil. Beide lâners soene dan ynset wurde kinne.
“Wy ferwachtsje dat wy skielk twa bedriuwen hawwe dy’t feilich astronauten mei harren lâners nei it moanne-oerflak bringe kinne”, sei programmamanager Lisa Watson-Morgan by it buorkundich meitsjen. NASA hopet sa weromfalle te kinnen op ferskate partijen mei ûnderfining.
It plan is net folslein nij. NASA woe yn earste ynstânsje al ferskate bedriuwen selektearje om lâners te ûntwikkeljen, mar it Kongres stelde net genôch jild beskikber om dat mooglik te meitsjen. Doe waard allinnich foar SpaceX keazen. Dat beslút stjitte op beswieren fan de twa oare partijen dy’t fier kommen wiene yn de seleksje, Dynetics en Blue Origin, it romtefeartbedriuw fan Jeff Bezos. Blue Origin begûn in rjochtsaak dy’t it bedriuw ferlear, mar dy’t der wol foar soarge dat it wurk oan de lâner fan SpaceX sân moanne stil kaam te lizzen.
In Senaatskomitee droech NASA yn oktober 2021 op om dochs op syk nei in twadde bedriuw te gean om in moannelâner te ûntwikkeljen. Dêr komt nei alle gedachten dochs noch genôch jild beskikber. Hoefolle dat is wurdt wierskynlik takom wike bekend as it Wite Hûs de plannen foar de federale begrutting foar 2023 bekend makket.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje