Moarekop

maart 19, 2022 07:20 Fernijd

Ferhaal

Yn Boalsert stiet sintraal yn de stêd in prachtich gebou, ien fan de moaiste bouwurken út de lette renêssânse. It is yn 1614-1617 boud yn de styl fan it Frysk maniërisme, dat benammen graasje en elegânsje as skaaimerk hie, mei ferskate prachtige keunstwurken oan ’e muorre. Yn 1765 waard it fergrutte en yn rokokostyl opkreaze.

Yn 2019-2021 is it renovearre. Eartiids wie it yn gebrûk as stêdhûs. Hjoed-de-dei is it ûnderdiel fan Kultuerhistoarysk Sintrum De Tiid wurden.

Der giet in ferhaal dat him yn de Tachtichjierrige Oarloch ôfspilet. De Spaanske troepemacht hie de stêd beset, mei alle ellinde dy’t dêr byheart, en sels it stêdhûs konfisksearre. As betsjinner hiene se in grutte grouwe moar yn tsjinst. Dy wie it pispealtsje fan de soldaten.

Foto MV

Jûns sieten de oerste en de offisieren gauris oan ’e drank. Se sûpten dan dat it sawat die, dat by sokke gelegenheden hiene se al gau in aardich sneedsje yn it ear. Wat se net wisten wie dat de greve fan Nassau dat allegear wist, want it feestjen wie net de earste kear en fia spionnen wie er goed op ’e hichte.

Op in jûn hiene de soldaten fan de greve derfoar soarge dat de doarren fan it stêdhûs op ’t slot sieten, dat de Spanjerts koene der net út komme. Doe’t se dat fernamen wiene de Spaanske soldaten duvelsk. Se twongen de Moar fia in finster te sjen wat der te rêden wie. Mar de man wie sa grou, dat er der mei syn lea yn stykjen bleau. Allinnich syn holle koe troch it finster. De greve op syn witte hynder pakte it swurd en sloech him yn ien kear de kop derôf. It nuvere wie, dat de holle oan de muorre hingjen bleau en net op de strjitte foel.

Letter hat in keunstner in byld fan de moarekop makke. Dat is no noch te sjen boppeyn de gevel fan it âlde stêdhûs.

Matthijs Verkuijl

maart 19, 2022 07:20 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.