Mear jild foar iepenloftspullen

maart 30, 2022 08:39

De iepenloftspullen yn Fryslân kinne fan hjoed ôf in hegere subsydzje as earder oanfreegje. De provinsje Fryslân hat it beskikbere totaalbedrach ferhege fan 50.000 euro nei 100.000 euro. Dêrtroch kin elk iepenloftspul op maksimaal 10.000 euro oanspraak meitsje. Earder wie dat 5.000 euro. Se kinne harren oanfraach fan 29 maart ôf wer yntsjinje.

Iepenloftspul Jorwert (foto: Henk Bootsma)

Mei it yngean fan it nije kultuerbelied fan de provinsje, lykas fêstlein yn de nota Nij Poadium, gie it subsydzje foar iepenloftspullen ein 2020 omheech. Dy ferheging wie nedich om’t de kosten foar it hâlden fan in foarstelling de lêste jierren tanimme. Der is ferline jier lykwols gjin subsydzje jûn om’t der troch de koroana-pandemy gjin optredens wiene. Fan ‘t jier steane der wol wer iepenloftspullen op de aginda.

Ekstra budzjet dit jier
Neist it ferdûbeljen fan it beskikbere subsydzjebedrach is der fan ‘t jier noch 52.000,- euro beskikber. Dat jild is lizzen bleaun om’t der ferline jier gjin subsydzje ferliend waard. Yn it jier fan Arcadia makket dat ekstra budzjet it mooglik dat der fan ‘t jier mear iepenloftspullen binne as oars.

It Iepenloftspul is in typysk Frysk barren en dus beskiedend foar de Fryske kultuer. De ferskate iepenloftspullen yn de provinsje lûke dêrom alle kearen in grut publyk. Kultuerdeputearre Sietske Poepjes fynt se dêrom tige weardefol: “De Fryske keunst en kultuer steane heech op ús aginda en wy wolle dat se foar elkenien tagonklik binne. It iepenloftspul is dêr in goed foarbyld fan. Boppedat draacht dizze amateurkeunst oan de leefberens en it lok yn de mienskip by.”

 

maart 30, 2022 08:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.