Mear Frysk en mear froulju op Wikipedia troch Europeesk projekt

maart 8, 2022 10:35

De Fryske ûnderwiisorganisaasje en útjouwerij Afûk, Learning Hub Friesland en it Mercator Europeesk Kennissintrum fan de Fryske Akademy hawwe in Europeeske subsydzje krigen foar it trijejierrich projekt ‘WikiWomen’. Yn gearwurking mei skoallen foar fuortset ûnderwiis en Wikipedia-organisaasjes út Baskelân (Spanje) en Ierlân sette de Fryske kennispartners har de kommende trije jier yn om Wikipedia yn Europeeske minderheidstaalgebieten te brûken as in middel om digitale taalbehearsking, sosjale belutsenens en taalfeardigens te ûnderwizen. De subsydzje komt út it ErasmusPlus-programma fan de Europeeske Kommisje, bedoeld foar projekten op it mêd fan ûnderwiis, oplieding, jongereinsaken en sport. 

Foto: Afûk

“Wat wy eins wol witte, mar wêr’t wy no op ‘e nij wer achterkamen, is dat artikels dy’t in relaasje hawwe ta froulju op Wikipedia ûndersnije,” sa seit Mirjam Vellinga, koördinator fan it projekt by de Afûk. “Der wurdt folle minder skreaun oer froulju, om’t de artikels dy’t op Wikipedia skreaun wurde dochs benammen troch manlju skreaun wurde en ek hiel faak oer manlju geane. Dat docht ek bliken út in ûndersyk fan de Erasmus Universiteit. Mar 18,5 prosint fan de biografyen op de Nederlânske Wiki giet oer froulju. Dêr wolle wy de learlingen en dosinten ek bewust fan meitsje.”

By it projekt sille de Fryske partners gearwurkje mei Wikipedia-organisaasjes en skoallen út Ierlân en Baskelân, dêr’t ek in minderheidstaal sprutsen wurdt. “Dus it giet eins om twa emansipaasjeslaggen: de emansipaasje fan de minderheidstaal en de emansipaasje fan de frou,” fettet Vellinga gear.

Dat it projekt yn trije ferskillende lannen útfierd wurdt, biedt moaie kânsen foar Fryske learlingen en dosinten. Ut de trije regio’s komme learlingen en dosinten troch ferskillende útwikselingen yn ’e rin fan it projekt mei-inoar yn kontakt. Mirjam Vellinga: “Foar learlingen wurde dat in soarte fan ‘Wikitons’, dêr’t se mei-inoar, ûnder begelieding fan dosinten en de minsken fan Wikipedia, oan harren artikels yn wurkje.”

Yn maart komme de bûtenlânske partners nei Ljouwert foar in gearkomste fan twa dagen. Der wurdt dan benammen sjoen nei it dielen fan kennis en ûnderfining, mar ek nei de earste stappen dy’t it ynternasjonaal konsortsium de kommende moannen sette kinne soe.

maart 8, 2022 10:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.