Lyts Frysk Diktee op tongersdei 14 april 2022
Resint ferskynd
- LTO Noard: Bioferskaatmaatregels fan boeren foar flinters wurkje 0
- Studinten Friesland College eksposearje eigen kreaasjes yn Keramykmuseum Prinsessehof 0
- Amerikaansk jonkje (6) bestelt foar tûzen dollar oan iten mei heit syn snoadfoan 0
- Utrikking LF2028-prizen by Iepen Mienskipfûnsjûn 0
- Doede Wiersma: De berchrede as troanrede op ’e tredde tiisdei fan septimber 0

Martsje de Jong (foto: Marcel J. de Jong)
Op tongersdei 14 april dogge fjirtich Fryske bern oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee mei. Yn de Steateseal fan de provinsje Fryslân wurde se útdage om sa goed mooglik Frysk te skriuwen.
De foarwedstriid foar it diktee is earder dizze moanne holden op sechtjin Fryske basisskoallen. Sa’n 350 bern diene dêroan mei en dêrfan geane fjirtich troch nei de finale yn de Steateseal. De tekst foar it diktee is fan ‘t jier skreaun troch Martsje de Jong, bekend fan ûnder oaren de Fryske oersettings fan Pippi Langkous fan Astrid Lindgren (2020) en De Goargels fan Jochem Myjer (2021). It Lyts Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Fryske Akademy, de Afûk, it Cedin en de provinsje Fryslân.
Fan ‘t jier wurdt it Grut Frysk Diktee ek wer holden. Dat is op tiisdei 17 maaie, de kwalifikaasje foar dit diktee set meikoarten útein.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje