Lokale partijen fierwei it grutst yn Fryslân

maart 17, 2022 07:56

De lokale partijen binne de grutste winners fan de gemeenteriedsferkiezingen yn Fryslân. Yn tsien fan de achttjin gemeenten is in lokale of provinsjale partij it grutst wurden. Yn trije fan dy tsien gefallen giet it om de FNP. Yn oare gemeenten dêr’t de FNP meidie, wûn dy partij ek faak. Yn totaal – alle gemeenten byinoar – giet de FNP fan 39 nei 49 sitten.

De opkomst yn Fryslân wie 54,2 persint, yn 2018 wie dat 56,4 persint.

Foto: pixabay.com

CDA en VVD ferlieze
It CDA ferliest fierder oan terrein yn Fryslân. Nei de lêste gemeenteriedsferkiezingen hiene de kristendemokraten 81 riedssitten yn Fryslân. Dêr bliuwe no nei alle gedachten 63 fan oer. De VVD ferliest ek flink: dy giet fan 46 nei 36. Yn tsjinstelling ta de foarige ferkiezingen is de VVD no wol it grutst wurden yn de gemeente Weststellingwerf, ek al ferlieze de liberalen dêr in sit.

Links stabyl
It ferlies foar de PvdA bliuwt yn Fryslân beheind. Dy partij giet fan 52 nei 48 sitten. De sosjaaldemokraten binne yn fjouwer gemeenten it grutst: Ljouwert, Súdwest-Fryslân, It Hearrenfean en Harns. It ferlies fan de PvdA wurdt foar in part kompensearre troch de winst fan GrienLinks: dy giet fan 24 riedssitten nei 27.

Yn seis gemeenten is de hjoeddeistige koälysje syn mearderheid kwyt. Dat giet om De Fryske Marren, Flylân, It Hearrenfean, Opsterlân, Skylge en Súdwest-Fryslân.

Besjoch op de kaart fan Omrop Fryslân hoe’t yn alle Fryske gemeenten stimd is.

Boarne: Omrop Fryslân

maart 17, 2022 07:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.