Liuwe H. Westra – Biografy Tony Feitsma: de ein yn ’t sicht

maart 6, 2022 08:00

Skôging

Liuwe Westra foar it portret fan Tony Feitsma. Foto Haye Bylstra / Tresoar

Goed twaeninheal jier haw ik no wurke oan in wittenskiplike biografy fan Tony Feitsma. Wilens binne wy sa fier, dat de útjefte plend stiet foar septimber. Dat is moai, mar dat wol net sizze dat alles al klear is. Lykwols, it grutte ferhaal leau ik dat ik ferteld haw. Dat wie net altyd maklik, en ik doar ek net te sizzen dat it it folsleine ferhaal is. Tony Feitsma wie in frou mei gâns ferskillende kanten. Dat hat te krijen mei har talinten en har wurkkrêft: it is werklik ûnfoarstelber wat se allegear by de ein hân hat yn har aktive jierren, en hoe lang oft dy duorre hawwe. Feitliken wie se al Frysk beweger yn har famkesjierren, en it is suver as hat se fol ûngeduld wachte dat se fia Cygnus Resurgens en de Federaasje fan Fryske Studinteferienings har lûd ek yn bredere rûnte hearre litte koe. Mar dan giet it fuort ek goed los!

Tagelyk begjint Tony har dan (it is it jier 1946) ek as taalgelearde te ûntjaan. Hja skriuwt har yn by de Universiteit fan Amsterdam as studint Skandinavyske talen, mar fan it begjin ôf begjint se ek mei kolleezjes Frysk. De alderearste wike dat se kolleezje folget, kriget se mar leafst fiif talen foar de kiezzen: Sweedsk, Deensk, Aldnoarsk, Goatysk en Aldfrysk. Deensk koe se doe al wat, mar de rest wie nij. Tony hat dat net slim fûn, mar der werskynlik folop fan geniete. Sterker noch, it wie har net genôch: yn ’e rin fan ’e stúdzje komme ek Frânsk, Aldiersk, Middelwelsk, Bretonsk en fansels Midfrysk, Nijfrysk en Noardfrysk foarby. De ferhalen fan âld-klasgenoaten en âld-stúdzjegenoaten binne dan ek unanym: elk hie djip respekt foar Tony.

Lykwols, it is net allinnich de wurkkrêft en de alsidigens dy’t it skriuwen fan de biografy fan Tony Feitsma ta in boeiend ûndernimmen meitsje. It is ek har karakter en persoanlikheid. Guon dy’t har kend hawwe, kinne eins altiten wol in stikmannich sprekkende anekdoates fertelle. Wat dat oanbelanget moat ik derom tinke, dat de biografy net in bondel smoute ferhalen wurdt. Mar wat ik pas geandewei útfûn, is hoe bot oft Tony yn ûnderskate fermiddens en nei ûnderskate persoanen ta in folslein oar persoan wêze koe. Hja hie net allinnich ferskillende kanten, se hold dy kanten ek hiel bot útinoar. Dat kin mei in beskate persoanlikheidsstruktuer te krijen hawwe – en dan moat ik wer útsjen dat ik net op ’e stoel fan ’e psycholooch sitten gean – mar der sit ek wat yn fan in eigenskip dy’t net elk mei Tony Feitsma assosjearret: beskiedenheid, om net te sizzen bleuens. Al hoe’t Tony Feitsma it opsizze koe, oer in protte dingen wie se ûnwis, en hielendal oer harsels.

Hawar, op dit stuit bin ik dwaande it earste haadstik noch in kear hielendal troch te arbeidzjen: wat naam Tony Feitsma mei oan ûnderfinings, ferhalen, idéalen, doe’t se út ’e Wieringermar nei de grutte stêd ta teach? De reis gie mei in hierde auto, dy’t se sels betelle, en doe mei trein en tram nei har keamer oan ’e Middenweg 167 yn it eastlike part fan Amsterdam. In pear dagen letter skreau se har yn as studint. Mar dy studint wie ek in stânsbewuste boeredochter, pionier yn ieren en sinen, yngreven oanhinger fan ’e Fryske beweging, hyperyntelligint en dominant, ien dy’t harsels oan ’e lofter kant fan it politike spektrum pleatste en yn har hert in leauwich minske dy’t it goede socht foar de lju om har hinne. Yn ’e rin fan har libben sil bliken dwaan, dat sa’n mingsel net sûnder gefaar fan eksplodearjen is.

Dit is de earste fan in rige ferslachjouwingen fan dr. L.H. Westra, dy’t wy de kommende tiid yn de earste wike fan ’e moanne hoopje te publisearjen.
maart 6, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.