Lietemiddei Stania State Oentsjerk 20 maart 2022 mei in optreden fan Adri de Boer

maart 22, 2022 21:24

Sneintemiddei 20 maart wie it dan einlings – nei alle koarona – safier dat de útslach fan de oersetwedstryd fan ‘Somewhere in Europe’, út DE NIJE fan novimber 2020, bekend makke wurde koe. Spitigernoch wiene net alle dielnimmers oanwêzich, sels priiswinners net, wylst wiken earder de datum al bekend wie. Dat hat by de organisaasje ta it beslút laat dat wy yn de takomst earder – ûnder embargo – de priiswinners op ’e hichte bringe.

De sjuery bestie út foarsitter en sjonger Adri de Boer en skriuwers Kees Tholen en Giny Bastiaans. It wie in gesellige middei, dêr op Stania State yn Oentsjerk, mei in tige slagge optreden fan Adri de Boer. Alle dielnimmers binne ûndertusken op ’e hichte brocht en de prizen wurde tastjoerd.

Haadredakteur Pier Bergsma tusken sjueryleden Adri de Boer en Kees Tholen. Foto: It Nijs

 

Hjirby it sjueryrapport:

Mei nocht en wille binne wy ta dizze winnende oersettings kommen en hawwe wy miend om ek noch ien mei eare neame te moatten. Dy foldie net oan de easken, want it wie net nei Fryslân ta oerset, mar om’t de tekst hiel orizjineel is.

  1. Nr. 8 Hjir yn ‘e Wâlden fan Geert Hager

Orizjinele tekst. Moai op Fryslân taskreaun. Goed sjongber. Past moai op de meldij, en in geweldich moaie ferhaalline. Der sit miskien in flaterke yn it twadde kearsankje, want kearsankje ien en trije binne wol gelyk oan elkoar.

  1. Nr. 19 Wer sjen yn Fryslân fan Elbrich Vreeling

Maklik te sjongen oersetting. Gjin stoplapen. Tekst en rym rinne moai en de klemtoan leit goed. It byld fan langstme nei Fryslân wurdt superleuk ferwurde. Rym en ritme rinne goed.

  1. Nr. 14 Ik ferhúzje net fan Neeltsje Terpstra

Spitich fan de earste sin. Dêr leit de klam net goed. Fierder in leuke en orizjinele tekst. In bytsje spitich dat der hieltyd ferskate plaknammen brûkt wurde yn it kearsankje. Minder maklik sjongber, want mist dêrtroch werkenberheid.

Mei eare neamd: [Nr. 16] Ergens in Europa fan Hylke Tromp

Der wiene mear moaie teksten as hjirboppe. Spitigernôch moasten dy ôffalle, om’t se net op Fryslân skreaun wiene. En dat wie yn de oersetwedstriid wol ien fan de betingsten. Dochs miene wy dat Nr. 16 “Ergens in Europa” in earfolle fermelding fertsjinnet. Omdat it sa’n leuke en orizjinele tekst is, yn het Sneekers, en in alderaardichst leuk taalgebrûk, en is ek goed te sjongen.

Rju achtsjend mei út namme fan Giny Bastiaans-Yedema en Kees Tholen,

Adri de Boer

 

Adri de Boer song op de Lietemiddei ‘Bliuw mar by my’ fan Giny Bastiaans, op muzyk fan himsels. Mei dat liet wûn er it sjongfestival Liet en hy sil der dit jier Fryslân op it minderhedesjongfestival Liet International yn Denemarken mei fertsjinwurdigje.

 

Hjirby de tekst fan earste priiswinner Geert Hager:

Hjir yn de Wâlden    

Do soest de wrâld yn, nee wiest net te hâlden.
Lietst eins neat efter, mar dyn hert bleau yn de Wâlden.
Wy wiene omtrint tweintich, ik wachtsje hjir op dy.
Dus ik freegje wannear komsto wer by my.

’k Sjoch dy yn Jistrum, of miskien yn Eastermar.
Of wolst nei de Heide ta, wier ik lit oan dy de kar.
’k Wit noch alle plakjes dêr’t wy wiene doe as bern.
Dêrom wol hiel dyn hert dy yn de Wâlden wer sjen.

Bist oer alle grinzen gien, ’k krige ’n brief út el-lek lân.
Do stiest op hege bergen man, wiest op ’t langste wite strân.
Mar yn alle wurden, kaam it langstme ek foarby.
Yn dyn tinzen bliuwt ien plakje ticht by dy.

’k Sjoch dy yn Jistrum, of miskien yn Eastermar.
Of wolst nei de Heide ta, wier ik lit oan dy de kar.
’k Wit noch alle plakjes dêr’t wy wiene doe as bern.
Dêrom wol hiel dyn hert wer nei de Wâlden.

Moatst nea ferjitte, hoe moai oft it hjir is.
Want ea komsto werom, ja dêrfan bin ik wis.
Dan bin wy wer tegearre, is dyn holle wer by ’t hert.
En bist foar altyd hjir wer thús, om’tsto by de Wâlden hearst.

’k Sjoch dy yn Jistrum, of miskien yn Eastermar.
Of wolst nei de Heide ta, wier ik lit oan dy de kar.
’k Wit noch alle plakjes dêr’t wy wiene doe as bern.
Dêrom wol hiel dyn hert dy yn de Wâlden wer sjen.

’k Sjoch dy yn Jistrum, of miskien yn Eastermar.
Of wolst nei de Heide ta, wier ik lit oan dy de kar.
’k Wit noch alle plakjes dêr’t wy wiene doe as bern.
Dêrom wol hiel dyn hert dy yn de Wâlden wer sjen.

Hjir yn de Wâlden, wer sjen.
Hjir yn de Wâlden.

 

Wy sille yn DE NIJE fan juny ek de oare teksten opnimme.

Haadredakteur Pier Bergsma fan DE NIJE

maart 22, 2022 21:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.