Kultuerdebat yn Ljouwert

maart 8, 2022 07:37

Op woansdeitejûn 9 maart organisearret it direkteure-oerlis fan Ljouwerter kulturele ynstellingen (DOLCI) in kultuerdebat yn poppoadium Neushoorn mei alle tsien ferkiesbere politike partijen. It debat wurdt holden mei it each op de oankommende gemeenteriedsferkiezingen yn Ljouwert en is ornearre om de kiezer ynsjoch te jaan yn de ferskillende stânpunten op it mêd fan keunst en kultuer.

Boarne: Keunstwurk

Hoe heech steane keunst en kultuer op ’e politike aginda? Hokker ideeën hawwe politike partijen by keunst en kultuer yn ’e gemeente Ljouwert? Hokker tsjinstellingen binne der? En wat betsjut dat foar it takomstige gemeentlik belied. Oan ’e hân fan fjouwer tema’s wurde oanwêzige fraksjeleden fan de ferskate politike partijen útdage om ‘kleur te bekennen’. De tema’s binne: de oantreklike stêd, artistyk klimaat, de basis op oarder en docht elkenien wol mei?

Elts tema wurdt ynlaat mei in bydrage fan in opinymakker, respektyflik: keunstner B.C. Epker, teaterregisseur Ira Judkovskaja, ûndernimmer Baukje de Vries en edukaasje-adviseur Anne Graswinckel. It debat stiet ûnder lieding fan Hayo Bootsma en Johanna Brinkman en wurdt muzikaal begelaat troch Timo de Jong.

It kultuerdebat wurdt holden fan 19.00 oant 22.30 oere yn Neushoorn (Ruterskertier 41, Ljouwert) en is fergees by te wenjen. Oanmelde fan tefoaren is wol nedich fia m.jansma@keunstwurk.nl. It debat is ek te folgjen as livestream fia whatislive.nl/dolci.

maart 8, 2022 07:37
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe maart 8, 12:46

    Neffens it ‘direkteure-oerlis fan Ljouwerter kulturele ynstellingen’ is literatuer gjin kultuer om wurden oan smoarch te meitsjen, blykber.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.