Hjoed konsert foar frede út it Konsertgebou wei

maart 6, 2022 08:39

De NTR bringt jûn, 6 maart, in streekrjochte registraasje fan it Concert for Peace dat it Konsertgebou mei de Oekraynske pianist Anna Federova en de Russyske sellist Maya Fridman organisearret. It konsert, dat ûnderwilens folslein útferkocht is, is streekrjocht te beharkjen fia it NTR Jûnskonsert op NPO Radio 4 en te besjen fia nporadio4.nl, NPO Radio 4 Facebook en YouTube, en moandei fia NPO 2 ekstra. Foarôfgeand oan it konsert is Anna Federova te gast yn Podium Witteman om oer it bysûndere inisjatyf te fertellen.

Foto: Wikipedia/Hans Peter Harmsen – lisinsje CC BY-SA 1.0

Concert for Peace is in benefytkonsert foar de slachtoffers fan de oarloch yn Oekraïne. Mei muzikale freonen lykas fioelist Liza Ferschtman, alfioelist Dana Zemtsov en pianist Nino Gvetadze trede Federova en Fridman op yn ’e grutte seal fan it Konsertgebou. De musisy wurde begelaat troch it ensemble Camerata RCO. It Konsertgebou en de grutte seal sille foar de gelegenheid yn ’e kleuren fan Oekraïne, blau en giel, fersierd wêze. De hiele opbringst fan it konsert komt te’n goede oan giro 555 fan de gearwurkjende helporganisaasjes.

De pianst Anna Federova wennet yn Amsterdam en treedt geregeld yn it Konsertgebou op. Har útfieringen fan de pianokonserten fan Rachmaninov binne wrâldferneamd en miljoenen kearen besjoen op YouTube. Troch just mei de Russyske Maya Fridman op te treden, wol sy de ferbinende krêft fan muzyk sjen litte en oproppe ta frede. Tegearre sammelen sy yn in deimannich in grutte groep ynternasjonale yn Nederlân wenje musisy om harren hinne.

Concert for Peace is te sjen en te hearren by de NTR op ferskate platfoarmen fan de NPO:

* Streekrjocht yn it NTR Jûnskonsert op NPO Radio 4 op snein 6 maart fan 20.00 – 23.00 oere;
* Byldregistraasje fia nporadio4.nl op snein 6 maart fan 20.15 – likernôch 21.45 oere;
* Streekrjocht fia NPO Radio 4 Facebook en YouTube op snein 6 maart fan 20.15 – likernôch 21.45 oere;
* Utstjoering op NPO 2 ekstra op moandei 7 maart fan 23.00 tot 00.30 oere;
* Fraachpetear Anna Fedorova yn Podium Witteman op snein 6 maart om 18.15 oere op NPO 2.

maart 6, 2022 08:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.