Kommende snein ‘Die Winterreise’ yn it Frysk
Resint ferskynd
Snein 6 maart wurdt de ferneamde lietsyklus Die Winterreise fan Franz Schubert yn it Frysk songen. Dat sil wêze yn de Fermanje oan de Wurdumerdyk 18 yn Ljouwert. It is it twadde konsert fan it twalûk ‘Ald en nij’ en it begjint om 15.00 oere. De prachtige oersettig is fan de dichters Atze Bosch en Bernard Smilde.
Yn 24 lieten folgje we in jonge man dy’t, ôfwiisd yn de leafde, troch in wintersk lânskip swalket. De gefoelens fan iensumens en wurgens binne bysûnder knap yn muzyk ferklanke lykas ek dy fan swiete oantins. Gefoelens sa âld as de wrâld en dochs fan alle tiden.

Foto © Rixt van der Kooij
De prachtige komposysje wurdt útfierd troch de bariton Daniël Hermán Mostert en de pianiste Rixt van der Kooij. Hy, grut wurden op it Hearrenfean, sjongt yn it Grut Omropkoar en sy komt út Hurdegaryp en is dosint oan it Keninklik Konservatoarium yn De Haach.
Kaarten binne te krijen by de yngong fan de tsjerke of fia www.harmonie.nl. Reservearje kin fia info@vocaaldrieluik.nl. Mear ynformaasje is te finen op www.vocaaldrieluik.nl. De tsjerke is grut genôch om fier útinoar sitten te gean.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje