Kolleezje DS stjoert trije brieven oer it Frysk nei PS
Resint ferskynd
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat tiisdei trije brieven oan Provinsjale Steaten stjoerd oer ferskillende aspekten fan it Frysk.

It provinsjehûs yn Ljouwert (foto: pixabay.com)
Yn it earste brief ynformearret it kolleezje fan Deputearre Steaten de leden fan Provinsjale Steaten oer de stân fan saken oangeande de sichtberens fan it Frysk. Op 11 novimber 2020 hat PS in moasje fan de FNP oannommen dêr’t yn pleite wurdt foar in grutte sichtberens fan it Frysk. Op 9 desimber 2020 is yn de Twadde Keamer de moasje fan leden Van der Molen en De Vries om de sichtberens fan it Frysk en de kommunikaasje yn it Frysk fuort te sterkjen unanym oannommen. Op it stuit wurket de provinsje mei de Wurkgroep Yntern Taalbelied oan in oanskerpe taalbelied yn de provinsjale organisaasje. Dat hâldt ûnder oare yn dat yn alle fakatueren de twataligens fan de provinsje oanjûn wurdt, en dat fan nije wurknimmers fereaske wurdt dat se it Frysk op syn minst ferstean kinne of dat sa gau mooglik leare. Dit jier sil in ynhelslach makke wurde mei de besteande meiwurkers en giet DS troch mei it aktyf oanbieden fan kursussen Frysk. Yn 2021 binne der yntern in grut tat wurkateliers holden oer de rol fan taal, op wurk- en priveegebiet, om it bewustwêzen by de amtlike organisaasje te fergrutsjen.
Yn it twadde brief wol it kolleezje fan DS Provinsjale Steaten ynformearje oer de stân fan saken oangeande de Fryske Akademy. De Fryske Akademy set yn gearwurking mei partners yn op digitale ûntjouwings. Sa is yn 2021 it spul BabelAr útbrocht. In spul is bedoeld om bern de wearde fan harren talen ynsjen te litten en om talekennis te aktivearjen. Dêrneist hat de Akademy yn gearwurking mei partners de webside ‘Frysker’ ûntwikkele, in webside dy’t stipe biedt by it skriuwen fan de Fryske taal.
It tredde brief fan Deputearre Steaten giet oer kânsen foar de Fryske taal. By de Steategearkomste fan 15 desimber 2021 hawwe Provinsje Steaten in moasje frjemd oannommen, dêr’t sy yn oanjouwe dat it foar de takomst fan it Frysk wichtich is dat minsken har útnûge fiele om Frysk te praten, ek as dat (noch) net flaterleas is. Elkenien dy’t Frysk prate wol, soe posityf moete wurde moatte yn stee fan troch in korrizjearjende taalplysje. Tagelyk freegje Provinsjale Steaten om in effektmjitting op te setten oer hoe’t minsken dy’t in kursus/lesprogramma Frysk folge hawwe it Frysk yn de praktyk tapasse en freegje sy om de útkomsten dêrfan te brûken by it fierder stimulearjen fan de Fryske taal. It kolleezje fan DS hat gegevens opfrege by de Afûk oer de kursussen Frysk en fertelt dêr yn it brief oer.
– Lês brief 1 fan DS oan PS oer taal en kennis;
– Lês brief 2 fan DS oan PS oer stân fan saken Fryske Akademy en Gearwurkingstrajekt Fryske Taal en Kultuer;
– Lês brief 3 fan DS oan PS oer kânsen foar de Fryske taal.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje