Karte, skate of ite: alles om jongelju nei stimbus te krijen

maart 16, 2022 08:57

Hast 13,6 miljoen minsken meie yn 333 gemeenten harren stim útbringe en goed 840.000 jongelju kinne foar it earst fan harren stimrjocht gebrûk meitsje, hat it Sintraal Buro foar de Statistyk besifere.

Foto: pixabay.com

Hoefolle fan dy minsken oft ek echt stimme sille, is de fraach. De opkomst is by de gemeenteriedsferkiezingen al jierren in stik leger as by de ferkiezingen foar de Twadde Keamer. Jonge minsken stimme nei ferhâlding noch minder as de rest fan de kiesberjochtigen. Yn ferskate plakken wurdt dêrom fan alles út ’e kast helle om harren dochs nei it stimburo te krijen.

Sa kinne bygelyks minsken yn Swol by de koartlyn iepene kartbaan stimme. En de hast 1600 Swolleners dy’t foar it earst stimme meie, kinne dêrnei in rûntsje yn in elektryske kart race. Hja hawwe allegear in brief fan de boargemaster krige en nei it ynleverjen dêrfan meie se fergees de baan op. Dat mei ek as net stimd wurdt.

It sirkwy fan Zandvoort fungearret al sûnt moandei as stimlokaasje. Ald-koereur Jan Lammers brocht ien fan de earste stimmen út, rjocht boppe de pitstrjitte en mei útsjoch op it sirkwy. Yn it Nimweechske skatesintrum Waalhalla kin dit jier ek stimd wurdt. Dat is in populêre lokaasje foar jonge minsken fan 18 oant 25 jier. Minsken dy’t komme te stimmen, kinne dêrnei fergees skate.

Yn Oldenzaal besiket de lokale jeugdried safolle mooglik jonge minsken nei de stimburo’s te krijen. Op it merkplein stiet in mobyl stimlokaal dat spesjaal foar jongelju ynrjochte is, mei jonge stimburoleden, muzyk en in stik pizza nei ôfrin fan it stimmen. Yn it noarden freget dosint boargerskipsûnderwiis Jeroen Wever fan ROC Noorderpoort omtinken foar de ferkiezingen. In protte fan syn studinten meie stimme en neffens Wever sjogge dy ek yn dat de ferkiezingen derta dogge. Ferskate studinten fan Wever binne aktyf mei de ferkiezingen dwaande. Hja binne stimmeteller en steane reserve om ek sels op it stimburo te sitten.

maart 16, 2022 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.