Jongfryske Mienskip komt mei oanfalsplan foar mear Frysk op ’e dyk

maart 12, 2022 08:59

De Jongfryske Mienskip hat in ‘oanfalsplan sichtberens Fryske taal en identiteit’ oanbean oan deputearre en taalskipper Sietske Poepjes. De JFM pleitet ûnder oare foar Frysktalige ferkearsbuorden en romte foar it Frysk op plysje-auto’s en plysje-unifoarmen.

Foto: Jongfryske Mienskip

De organisaasje pleitet derfoar om de ferkearsbuorden mei de tekst ‘fietspad’ yn Fryslân te ferfangen troch buordsjes mei de tekst ‘fytspaad’. Om dat mooglik te meitsjen soe it Reglemint ferkearsregels en ferkearstekens fan 1990 oanpast wurde moatte. De Jongfryske Mienskip wol net allinnich fytsers, mar ek autoriders konfrontearje mei it Frysk. It bekende boerd mei de tekst ‘Doorgaand verkeer’ soe yn Fryslân feroare wurde moatte yn ‘Trochgeand ferkear’. De groep wol ek graach regionale kentekens op auto’s. Op kentekens fan yn Fryslân registrearre auto’s soe njonken NL oan de linkerkant ek FRL stean kinne oan de rjochterkant. Dêrfoar moat it reglemint ek oanpast wurde.

De jierlikse spandoeken mei de tekst ‘De scholen zijn weer begonnen’ fan Veilig Verkeer Nederland kinne neffens de JFM yn Fryslân tenei better yn it Frysk. De JFM fynt dat de provinsje yn de rol fan taalskipper dêr it bêste ôfspraken oer meitsje kin mei gemeenten, skoallen en Veilig Verkeer Nederland.

Op de plysje-auto’s en unifoarmen fan de Fryske plysje soe it biedwurd ‘Plysje: Wach en tsjinstber’ stean moatte. De JFM wiist derop dat meartalige plysje-unifoarmen yn in stêd as Brussel mei ‘Police/Politie’ as opskrift hiel gewoan binne.

Njonken mear sichtberens op de dyk pleitet de JFM ek foar it sichtber meitsjen fan it Frysk op offisjele dokuminten as rydbewiis en identiteitskaart. It soe ek mooglik wurde moatte om op de ID-kaart oan te jaan dat men de Fryske nasjonaliteit hat. Neffens de JFM jout it Ramtferdrach Nasjonale Minderheden fan de Ried fan Europa de Friezen al it rjocht om dat te dwaan, mar is dat yn Nederlân noch hieltyd net yn de praktyk útfierd.

De JFM soe ek graach sjen dat autodyk A7, dy’t West-Fryslân mei Fryslân, Grins en Dútslân ferbynt in moaie Fryske namme kriget, lykas Fryske autodyk of de Grutte Pierwei.

De JFM komt mei de foarstellen omdat Ryk en provinsje al in skoftke yn petear binne oer it tema sichtberens. It doel is om dêr ôfspraken oer te meitsjen en dy ta te heakjen oan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer BFTK. De JFM sil it oanfalsplan ek oan minister Hanke Bruins Slot fan Ynlânske Saken en alle Fryske Twadde Keamerleden takomme litte. Mei it oanfalsplan sichtberens pleitet de organisaasje foar it oanpassen fan de regels en wetten dy’t it brûken fan it Frysk no noch yn it paad steane.

Boarne: Omrop Fryslân

 

maart 12, 2022 08:59
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Wim maart 12, 09:59

    Ik soe sizze fuort ek de plak- en strjittebuorden ferfange (wannear se dêr oan ta binne) mei in oare kleur. Kost nei alle gedachten neat ekstra, mar is wol kreas foar de de Fryske identiteit en toeristen.

    Sa as wol earder is sein:
    Fryslân moat de provinsje wêze wer’t de Hollanske toerist him yn it bûtenlân fielt, mar wer’t der ek yn in restaurant yn it Hollansk freegje kin of de omelet mei ham en spek wol feganistysk is.

    Op it nijs kreie jo faak in koart byld fan in plaknammeboerd (om oan te jaan wer’t se binne), san ‘nuver’ boerd kin in sjogger miskien oerhelje om ris te sjin wat der eins yn Fryslân te dwaan is. En ek toeristen pleatse miskien wol in foto mei san boerd op harren sosjale media. Fergeze reklame! It jout Fryslân ek mear identiteit, wer’t hja dus net foar nei it bûtenlân hoeche. En jo kinne der ek noch mei euros betelje!

  2. Erwin2.0 maart 15, 14:47

    Wêr kinne wy it boekje fine?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.