Jongelju fan Fier toane keunst yn Frysk Museum
Resint ferskynd
“Hokker hâlding nimme je oan as je doare te leauwen dat je prachtich binne?” Dy fraach wie de reade tried yn it keunstprojekt fan byldhouwer Herma Bovenkerk, dat se mei 28 jonges en famkes fan Fier útfierde by de Simmerskoalle, in jierliks weromkommend simmerprogramma fan Fier fol ynspirearjende en edukative aktiviteiten. Fan 30 maart o/m 24 april 2022 is it resultaat te bewûnderjen yn ’e hal fan it Frysk Museum. In tagongsbewiis is net nedich.

Foto: Jeroen van de Bovenkamp
De presintaasje toant achtentweintich liven fan jongelju dy’t sjen litte: elkenien is prachtich. By de byldhouwurken hearre ferhalen oer trauma’s, fertriet en eangst, mar ek oer ferbettering, selsakseptaasje en betrouwen. Jonge minsken fan ekpertize- en behannelsintrum Fier litte mei it keunstprojekt fan byldhouwer Herma Bovenkerk in lûd hearre tsjin opkrongen skjintme-idealen en uterlike fiksaasje en lichemspositiviteit. De bylden steane symboal foar de skjintme dy’t men net altyd fuortdaliks sjocht, mar der wol altyd is.
Elkenien is prachtich
Herma Bovenkerk liet jongelju op in oare wize nei harren lichem sjen. Oars nei ‘moai’, oars nei ‘ûnsjoch’. In útdaging, as men wit dat de jonges en famkes fan Fier te krijen hân hawwe mei geweld, ferwaarleazing en seksueel geweld, trauma’s dêr’t it uterlik soms in grutte rol by spile. Troch op in oare, net eroatyske manier mei harren lichem dwaande te wêzen, seagen se dat elts liif syn eigen skjintme hat.
Herma Bovenkerk
Inisjatyfnimmer fan it projekt is byldhouwer Herma Bovenkerk (71). Har byldhousintrum yn Koudum is in kreatyf briedplak foar jong en âld. Bovenkerk is al ferskate jierren ferbûn oan Fier.
Fier
Fier is it lanlik ekspertize- en behannelsintrum op it mêd fan geweld yn ôfhinklikheidssituaasjes. It sintrum helpt slachtoffers, tsjûgen én bedriuwers fan húslik geweld, bernemishanneling, minskehannel, earerelatearre geweld en seksueel geweld. Fier giet foar duorsume help dy’t bliuwende effekten hat yn de libbens fan bern, jongelju en folwoeksenen. Dêrom ynvestearret Fier yn alle libbensmêden fan syn kliïnten; fan sûnens oant sosjale kontakten en famylje, en fan oplieding oant wurkûnderfining. Sjoch op www.fier.nl foar mear ynformaasje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje