Jan Schokker: Gefoelsfladderer

maart 26, 2022 07:00

Kollum

In minske is in nuvere fûgel, foaral as it giet om it uterjen fan gefoelens. Hoewol’t men in hiel folk fansels nea yn in fakje plakke moat, hawwe wy Friezen der wis en wrachtich problemen mei. No ja, lit my mar sizze dat ik soks faaks lestich fyn. Mar fan ’e wike wie it efkes oars.

Us âldste soan wie in pracht fan in standbouprojekt gund. Foar in ferneamd printbedriuw yn Dokkum mocht er foar in fakbeurs yn Gorinchem in tige yngewikkelde presintaasje opbouwe. Mei in team fan sa’n tweintich flinke trochpakkers moast dat it ôfrûne wykein op tiid te realisearjen wêze. De soan hie oars yn it foar al ynskatten dat de opboutiid eins te koart wie. Aldmantsje dus ek mei, om wat yn ’t paad te rinnen, hjir en dêr wat te montearjen of oan te sluten en – om earlik te wêzen – ek om stikem wat te genietsjen fan wat de bern úteinset hawwe. Ik uterje myn djipste gefoelens net sa faak en sil dy ek en foaral net sa gau yn in kollum plakke, mar dat wykein wie dizze âldkeardel mar wat grutsk op syn bern. En dat ik dit no samar doar te uterjen, komt mei troch Pyt. Waarman Pyt.

Want hoe siet dat? Sneintejûn ried ik werom nei hûs ta, doe’t yn it nijs fan sân oere samar ynienen it tryste berjocht te hearren wie dat ús waarman Pyt stoarn wie. Hoe koe soks no? In pear dagen lyn wie er noch fleurich by Bert Haandrikman op Radio 5. Ik wie ferbjustere. Dat hy it nimmen ferteld hie dat er sa slim siik wie! Sa’n ynstitút, samar weirekke.

Moandeitemoarns betiid, doe’t wy al wer op reis nei it suden wiene foar de standopbou, hie Bert Haandrikman in pracht fan in in memoriam oer Pyt mei ek Piter Wilkens syn ‘Paad werom’. Dit âld mantsje – ik dus – wie tige slim oandien. Miskien kaam dat ek om’t ik krekt in pear kilometer earder my realisearre hie hoe bysûnder oft dit standbouprojekt fan myn soan wie. Al myn trije bern hawwe der salang sa krekt en sekuer yn gearwurke. Mei ek ús skoandochter en it hiele stel oare toppers hat elkenien ferskuorrende hurd bealge om alles goed en op tiid klear te krijen. Ik wie o sa grutsk. It einresultaat wie mear as treflik. Kin, moat ik dat uterje? Miskien komt dat troch mem. Us mem, sa Frysk as wat, utere har no krekt wol hiel faak. Se koe sûnder skamte tsjin alle kunde sizze dat se gewoanwei tige grutsk op har bern wie. Ik fûn dat doe mar neat, soks mei men tinke, mar soks seit men net. Wy, en yn alle gefallen iksels, wy binne ommers lang net ûnfeilber mei al ús beheiningen? Der wiene altyd genôch saakjes te betinken dêr’t wy alhiel net grutsk op wêze koene.

Wat no? Sis ik it gewoan tsjin de bern, tsjin de skoandochters en tsjin al dy oare warbere wurkers dat ik no sa blinderse grutsk op harren bin? Of sil ik myn broer freegje oft dy de bern appe wol dat se dizze kollum mar ris lêze moatte?

maart 26, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.