Jan Bosgraaf: Opfangsintrum

maart 12, 2022 07:00

Kollum

‘Nim in plestikpûdsje mei ast nei it strân giest’, lês ik op myn snoadfoan. It is noch ier yn ’e moarn en ik ha my amper de sliep út ’e eagen wreaun. Dochs sjoch ik it goed. It stiet der echt.

Earlik sein hie ik moandeitemoarn 28 febrewaris oar wrâldnijs ferwachte. Fjouwer dagen lyn foel it Russyske leger Oekraïne yn en sûnt wurdt dêr ôfgryslik fochten. Bylden dêrfan binne deis withoefaak op ’e telefyzje te sjen. Dat hâlde we anno 2022 dochs net foar mooglik! Soks bart allinnich yn Fierfuortistan. Net op 1800 kilometer fan eigen hûs en hiem. It is amper te leauwen. Mar we sjogge de gefolgen fan raketynslaggen, útbrânde legerauto’s, slachtoffers op strjitte, minsken mei lytse bern yn metrostasjons en skûlkelders, kilometers lange rigen auto’s en minsken foar de Poalske grins, om it lân út te kommen, op syk nei in feilich hinnekommen. De ferhâldingen yn Europa steane op skerp. De swartste senario’s wurde ús foarskildere. Der brekke oare tiden oan. Wy kinne ús der noch gjin foarstelling fan meitsje wêr’t it op útdraaie sil.

Dêr hie ik, nei in nacht rêstich sliepen, wol nijs oer ferwachte. Net oer in plestikpûdsje, dat ik meinimme moat as ik nei it strân ta gean. No bin ik dat yn dizze tiid fan it jier ek alhiel net fan doel. Dus haw ik dat advys ek net nedich. Mar dat kin de redakteur fan dy nijsside fansels net witte. It advys is lykwols goed bedoeld. Want wêrom moatte we in plestikpûdsje meinimme? Om’t der hieltyd mear seehynderkes op it strân oanspiele. Eartiids barde dat komselden. De bistkes libben yn it eastlike part fan de Atlantyske Oseaan en foar de Afrikaanske kust, mar troch de klimaatferoaring reizgje se hieltyd fierder nei it noarden. Begjin 2021 hearden we yn ús lân de earste meldingen fan deade mar ek libbene seehynderkes. Dit jier wiene der mear as ea, sa waard fernijd. As se foar it earst yn 2021 fûn waarden, kin dat fansels ek al gau. It binne lykwols gjin sljochtweihinne seehynderkes. It binne beskerme koartsnútseehynderkes. Bistkes dy’t mar in pear sentimeter lang binne. Teminsten as se op it strân lizze. Want yn see steane se ornaris rjochtoerein en dan binne se dus in pear sentimeter heech. It falt dêrom grif net ta om sa’n bistke te finen. Dat blykt ek wol, want by it see-akwarium De Noordwester op Flylân hiene kuierders oant dan ta twa eksimplaren fan de hippocampus hippocampus, sa’t it bistke mei in deftich wurd hjit, ynbrocht. En by Ecomare op Teksel swommen op dat stuit acht libbene koartsnútseehynderkes yn it akwarium. Is soks no wrâldnijs of net? Watst dwaan moatst, ast ien fynst, stiet ek wiidweidich omskreaun. ‘Doch it seehynderke yn it plestikpûdsje mei wat seewetter (kraanwetter is op it strân ek net foarhannen) en bring it nei in opfangsintrum. Set se foaral net yn ’e see werom, want it slagget harren net om yn de brâning fuort te swimmen.’

Ik krige in ûnbestimd gefoel by it nijs oer de koartsnútseehynderkes. Om’t it sa skril ôfstuts by wat der op itselde momint yn Oekraïne bart. It kaam foaral troch it wurd ‘opfangsintrum’. Op slach stie my it byld fan hiel lange rigen minsken foar eagen. Minsken dy’t troch it oarlochsgeweld ridderslein binne en yn wanhoop flechtsje om oan it driigjende gefaar te ûntkommen. Yn de hoop dat der oan de oare kant fan de grins, yn de frije wrâld, foar harren in opfang(sintrum) wêze sil.

Dy jûns stie it nijs oer de koartsnútseehynderkes op it fiifde plak fan meast-lêzen berjochten. Trije nijsberjochten oer de oarloch yn Oekraïne en ien oer de arrestaasje fan mûlkapkehanneler Sywert van Lienden (fjirde plak) waarden faker lêzen.

Jan Bosgraaf is in Fries om utens. Hikke en tein yn Wetsens, wennet yn Staphorst, wie finansjeel beliedsmeiwurker by de gemeente Zwolle en is foarsitter fan it Frysk Selskip Swol.
Fan hjoed ôf skriuwt Jan Bosgraaf hieltyd op de twadde sneon fan ’e moanne in kollum.
maart 12, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.