It Literêr Sirkwy by útstalling Kor Onclin
Resint ferskynd
Op freedtejûn 1 april hâldt Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear wurdt de jûn organisearre yn gearwurking mei Tresoar. It wurk fan byldzjend keunstner Kor Onclin foarmet de oanlieding. In seleksje út it wurk fan Onclin is te sjen yn de útstalling Ferwûndering & Ûngerêstens yn Obe, poadium foar Fryske kultuer. Ferskate dichters fan RIXT hawwe op útnûging fan Tresoar poëzy skreaun by skilderijen fan Kor Onclin. Guon fan dy gedichten, ynklusyf in pear fan Onclin sels, binne opnommen yn de útstalling.

Kor Onclin ‘L’Univers du Poète-III’, 1986 (boarne: Tresoar)
Kor Onclin (Ljouwert, 1918-2003) wurke yn in lyrysk en abstrakt ekspressionistyske styl. Syn kleurgebrûk is faak oerdiedich. In troch Onclin skildere kop is in lânskip, dêr’t it libben syn spoaren trochhinne lutsen hat. Onclin wie altyd op ’e syk nei de ferwûndering: it finen en op ‘e nij finen dêrfan. Fan 1978 oant 2002 wenne en wurkê er mei syn frou Marleen yn it Frânske doarp Privas yn de Ardèche. Syn kleuren krigen dêr noch mear helderheid, syn styl waard der noch persoanliker en yntinser.
Dichteres Griet Westra skreau in haikû by it skilderij ‘Upside-down’ út 1995:
fielst dy sûnder siel
sa blau, dyn wrâld sa readrau
do rinst dwers troch my
Oare dichters fan wa’t poëzy yn de útstalling te lêzen is, binne Tryntsje van der Veer, Edwin de Groot en Syds Wiersma. Sy litte harren gedichten op 1 april klinke by de doeken fan Onclin. De dichters Carla van der Zwaag, Mees van Rijswijk en Dêrgjitr trede ek op. De eilândichter fan Skylge, Ina Schroders-Zeeders, is ek presint. Dêrnjonken fertelt Marleen Onclin it ferhaal fan it libben, de ynspiraasje en de keunst fan har man.
De Biltske muzikanten Jan de Vries en Ruben Bus meitsje muzyk. In jûn sûnder muzyk is gjin Kor Onclin-jûn. As keunstner socht Onclin de eigen minske- en stimmuzyk. Hy spile boppedat graach jazz.
De jûn wurdt ôfsletten mei in iepen poadium. Dichters dy’t optrede wolle, kinne har oanmelde by ynfo@rixt.frl.
De literêre jûn wurdt mooglik makke troch in subsydzje fan de gemeente Ljouwert.
Datum: 1 april 2022
Plak: Obe, poadium foar Fryske kultuer – Oldehoustertsjerkhôf, Ljouwert
Tiid: 19.30 – 21.30 oere (ynrin 19.00)
Tagong: € 5
Oanmelde fia ynfo@rixt.frl
Besjoch in promofilmke fan Geart Tigchelaar:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje