It Hearrenfean jout Lêskoffer Berneboeke-ambassadeur oan alle basisskoallen yn gemeente

maart 8, 2022 07:43

Alle tritich basisskoallen yn de gemeente It Hearrenfean krije de Lêskoffer fergees besoarge, mei dêryn tsien Fryske berneboeken foar alle leeftiden. Wethâlder Hedwich Rinkes naam moandei 7 maart op Het Vogelnest op It Hearrenfean de earste Lêskoffer yn ûntfangst fan Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra. Oanslutend fersoarge de Berneboeke-ambassadeur in les yn ien fan de groepen op Het Vogelnest. Dêrneist wurde yn maart op It Hearrenfean en yn Jobbegea noch ynspiraasje-workshops foar learkrêften organisearre.

Lida Dykstra (l.) en wethâlder Hedwich Rinkes (foto: Gemeente It Hearrenfean)

Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra: “Fantastysk dat de gemeente It Hearrenfean it foartou nommen hat om yn ien klap alle basisskoallen de Lêskoffer mei Fryske berneboeken kado te jaan. Konkreter kinst boeken net by de bern krije. Ik sjoch dernei út om de workshops te jaan en hooplik in grut tal learkrêften te moetsjen.”

De Berneboeke-ambassadeur set har yn om de wille mei Fryske boeken, lêzen en it praten fan de Fryske taal rûnom oer te bringen op bern en harren âlders. By elts boek út ’e Lêskoffer is in wiidweidige lesbrief beskikber, sadat learkrêften ek yn ’e klasse oan ’e slach kinne mei ûnder oare skriuw- en tekenopdrachten en wurkblêden.

Wethâlder Hedwich Rinkes fan Kultuer neamt de gearwurking mei de Berneboeke-ambassadeur in “prachtich inisjatyf”. “As gemeente ha wy it doel om lêsûnderwiis te befoarderjen en stypje wy it brûken fan de Fryske taal. Want taal biedt kânsen en meartaligens is in natuerlik gegeven yn ús gemeente. Wy sykje hieltyd wer nei oare paden om bern te berikken en learkrêften te stypjen. It plezier om boeken en de Fryske taal dat de Berneboeke-ambassadeur ferspriedt is hiel oansteklik. Dêrom binne wy ek wiis mei dizze gearwurking.”

Skoallen en oare ynstellings yn Fryslân kinne har yn de moannen april, maaie, juny en july noch altyd oanmelde foar in besite fan de Berneboeke-ambassadeur, de Lêskoffer bestelle en de lesbrieven fergees delhelje fan de website. Mear ynformaasje is te finen op www.berneboekeambassadeur.frl.

maart 8, 2022 07:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.