In taal leare hâldt âlde minsken langer by de pinken

maart 2, 2022 20:40
Foto: Morguefile

Dat twatalige minsken letter yn ‘e bernskens komme as ientaligen, dat wie al jierren bekend. Trije talen is nammers noch wer better en fjouwer noch wer better – foaropsteld dat ien dy talen ek hast alle dagen brûkt.

Hoe’t it sit as jo op lettere leeftyd der in taal by leare, dêr wisten wittenskippers noch net in soad fan. Taalkundige Merel Keijzer fan de Ryksuniversiteit Grins hat dêrom in ûndersyk opset. Hja folge trije groepen âlde minsken: de iene learde gitaarspyljen, de tredde gie op Ingelske les en de tredde die neat bysûnders. De útkomst wie dat sawol de muzykles as de taalkursus it brein fit hâlden.

Twatalige minsken dogge ûnbewust in hiel soad muoite om har twa talen útinoar te hâlden, seit frou Keijzer. Minsken dy’t ferskate talen machtich binne, hawwe konstant de oanstriid om se trochinoar hinne te brûken. In inkelde kear giet dat mis, mar fierwei de measte kearen slagget it kreas. It brein fan meartalige minsken is dêrtroch folle aktiver as dat fan ientalige minsken. Dat jildt ek foar minsken dy’t der in taal by leare as se al op jierren binne.

It bespyljen fan in muzykynstrumint hat in ferlykbere funksje. Dat makket ek dat it brein fleksibeler wurdt. Noch it bespyljen fan in ynstrumint, noch it brûken fan mear talen makket dat it brein minder skansearret, mar trochdat it wend is om aktyf te wêzen kin it makliker strategyen betinke as der skea ûntstiet oan breinsellen.

De foardielen fan in aktyf brein binne net allinnich sichtber yn ‘e jeld, mar ek nei harsenskea, bygelyks troch in oerhaal.

maart 2, 2022 20:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.