In frjemdling yn Jeruzalem, de passy fan in sjenner

maart 13, 2022 07:30 Fernijd

Dichter Eppie Dam en musikus Gerben van der Veen hawwe in nije passy makke, dy’t begjin april trije kear útfierd wurde sil.

Eppie Dam. Foto Sirkwy

In passy is meastal basearre op ien fan de lijensferhalen sa’t dy troch de fjouwer evangeeljeskriuwers ferhelle binne, mar Eppie Dam makke syn passytekst mei gegevens en wurden út alle fjouwer evangeeljes.*
Sa koene de tradisjonele ‘sân krúswurden’, dy’t ferspraat yn de fjouwer evangeeljes steane, dêr in dúdlike rol spylje.
In krêftige rol is weilein foar de froulju yn it ferhaal: Maria, de mem fan Jezus, Maria Magdalena, in freondinne fan Jezus, en Claudia, de frou fan Pilatus.
Nij is it omtinken dat Petrus en Judas krije. Mei deselde idealen en hege ferwachtingen hiene dy harren hoop op in minske mei goede bedoelingen fêstige en him trou ûnthjitten, en dochs ferretten beide him.
Nij is ek dat it ferhaal fan de Emmaüsgongers oan de passy tafoege is, wat it gehiel yn it hjir en no situearret.**

Gerben van der Veen.
Foto: Frysk Muzykargyf

Gerben van der Veen skreau en stelde de muzyk gear, wol mei koralen, resitativen, aria’s en koaren sa’t Bach en oaren dat diene, mar mei oare ynstrumenten lykas harmoanium, marimba, fluit, althamboai, harp, pauken, slachwurk en strikers.
De harkers kinne it slotkoraal meisjonge.

Dam en Van der Veen wurkje al langer mei-inoar. Yn 2018 fierden se de Fryske Matteüspassy mei de oarspronklike muzyk fan Johann Sebastian Bach út. De Fryske tekst wie Dam syn oersetting fan de Nederlânske hertaling fan Jan Rot. By de repetysjes en konserten dêrfan ûntstie by Van der Veen al it idee fan in tekstueel en muzikaal folslein eigen Fryske passy. Dam hie dêr ein 2018 in tekst foar. Mei troch de koroanakrisis krige de komponist tiid en gelegenheid om syn plan yn desimber 2020 ôf te meitsjen en no, yn de maitiid fan 2022 is it safier dat it wurk útfierd wurdt. Dat bart troch it koar Hortus Vocalis, sân fokalisten en alve ynstrumintalisten, ûnder lieding fan de komponist op

8 april yn de Meinardstsjerke fan Minnertsgea (20.00 oere)
9 april yn de Roomske tsjerke op It Hearrenfean (20.00 oere)
10 april yn de Roomske tsjerke op It Hearrenfean (15.00 oere)

Mei ynbegryp fan in skoft fan in kertier duorje de útfieringen twa oere.

Tagongskaarten à € 26,- binne te bestellen op www.collegiumvocalefryslan.nl en à € 30,- oan ´e tsjerkedoar.

* Sa’n diatessaron (= ien út fjouwer) skreau Eric Hoekstra in jier of wat lyn ûnder de titel Roman fan in hielmaster, dy’t as fúljeton op It Nijs en ek yn boekfoarm publisearre waard (Niko de Mus: ‘Roman fan in hielmaster’ | It Nijs).
** It skilderij op de thússide is De Emmaüsgongers fan Henri Schoonbrood, 1929 (Museum Catharijneconvent, Utrecht)

 

 

maart 13, 2022 07:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.