Holwerters, moast dat no sa?
Resint ferskynd
Ynstjoerd
Yn Holwert stiet in boerd mei in prachtich portret fan de skriuwer Waling Dykstra. It portret is makke troch Gerrit Breteler (www.gerritbreteler.nl). It lit in jongere Waling Dykstra sjen as wy meastal sjogge. Steande foar it boerd sjocht men út op de Hegebuorren. Dêr hat Dykstra jierren wenne.

Waling Dykstra, skildere troch Gerrit Breteler. Ofbylding Zee van Tijd, Holwert
Yn de tekst njonken it portret is te lêzen wa en wat hy wie en die en wêr’t er foar stie.
Mar, is it net nuver dat de tekst by it portret alhiel yn it Hollânsk is? Sa wurdt der dus mei dizze Fryske taalstrider omgien. In grof skandaal…
Cornelis van der Wal
Bytsje rekken hâlde mei de persoan. Dat is yn Holwert dúdlik net dien…
Van der Wal hat gelyk.
It liket nearne nei dêr in Hollânske tekst by te setten.