Hjoed muzikaal-literêre middei Fedde Schurer yn Wierum

maart 26, 2022 10:18

Yn de Museumtsjerke yn Wierum wurdt fan ’e middei in muzikaal-literêre middei holden. Gerda van der Wijk sil mei ferhalen it libben en wurk fan Fedde Schurer taljochtsje. Schurer (1898-1968) wie ûnderwizer op ’e Lemmer, mar om syn pasifistyske oerstûging waard er dêr ûntslein (1930). Hy ferfear nei Amsterdam dêr’t er oant nei de oarlochsjieren (1940-1945) yn it ûnderwiis wurke. Yn 1946 kaam er yn Fryslân werom om’t er haadredakteur fan de Fryske Koerier waard. Dêrnjonken wie er ek Frysk beweger, politikus (lid Twadde Keamer) en skriuwer en dichter.

As dichter hat er grutte bekendheid krige, net yn it minst trochdat er in protte lietteksten skreau. It leit dan ek yn ’e reden dat op de middei yn Wierum lieten te hearren wêze sille. De sjonger Albert Elzinga en de trûbadoer Melle Leegstra sille lieten fan him sjonge. Oargelist Jaap Meems sil se begeliede.

De middei begjint om 15.30 oere en sil likernôch oant 17.00 oere duorje.

maart 26, 2022 10:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.