Gemeente en Kollektyf Súdwestkust bringe fjildferhalen út Súdwest-Fryslân

maart 4, 2022 08:37

It rike kultuerlânskip yn Súdwest-Fryslân herberget lânbou, natuer, kultuer en foarmet de identiteit fan de gemeente. Mar dat lânskip ropt ek fragen op. Wat dogge boeren om greidefûgels op harren lân briede te litten? Of hoe kin men it lânskip oan sirkulêre doelen bydrage litte? Under it meanfjild bart in protte. En dat bringe gemeente Súdwest-Fryslân en Kollektyf Súdwestkust de kommende moannen mei-inoar yn byld. Hja roppe alle ynwenners op om fragen yn te stjoeren.

Mei de filmrige Boppe it meanfjild – fjildferhalen út Súdwest-Fryslân sette de gemeente en Kollektyf Súdwestkust it fitale lânskip sintraal. Yn de filmrige binne de minsken te moetsjen dy’t nei oplossingen foar in fitaal lânskip sykje. Foarsitter Wigle Sinnema fan Kollektyf Súdwestkust besjocht it út it agrarysk perspektyf wei: “Wy wolle graach sjen litte wat ús leden, de boeren, foar de greidefûgels dogge. Der is in hiele protte dêr’t net elkenien by stilstiet om sjen te litten.”

Oprop om fragen te stellen
Wethâlder Bauke Dam trapet yn de earste fideo ôf: “Wy roppe de ynwenners fan Súdwest-Fryslân op om harren fragen oer it lânskip yn ús gemeente yn te stjoeren. Bygelyks oer de skries of in oare greidefûgel. Of oer bioferskaat en wat dêr allegear by komt te sjen. Alle fragen oer ús moaie lânskip binne wolkom. Wy geane dêr graach de boer mei op.”

Belangstellenden kinne in filmke mei harren fraach stjoere nei 06 – 82075862. Presintator Raynaud Ritsma giet alle wiken op syk nei it antwurd yn it meanfjild. De fideo’s binne wykliks te finen op de sosjalemediakanalen fan gemeente Súdwest-Fryslân en Kollektyf Súdwestkust. Se wurde ek fertoand op it Greidefûgelfestival op 11 juny yn Warkum.

Besjoch hjir it earste filmke:

maart 4, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.