Fryske stimhelpen binne om te brûken

maart 8, 2022 20:23

Tal fan gemeenten biede foar de ferkiezingen stimhelpprogramma’s oan en yn Fryslân gauris ek yn it Frysk. Lykwols wurdt der yn fermiddens fan gemeente-amtners reaunte dat minsken de Frysktalige ferzje net in protte brûke. Foarearst hâlde gemeenten noch wol fêst oan de Frysktalige fariant, út prinsipiële of politike oerwagingen. Mar bliuwt dat sa as de boargers der gjin ferlet fan lykje te hawwen?

Oft dat lêste it gefal is, is fansels de fraach. Want minsken rekkenje faaks net op in Fryske stimhelp en sjogge dy oer de kop. Dat kin samar, want botte opfallend is de Fryske ferzje meastentiids net. It soe fertuten dwaan as dy as earste iepengean soe, wol Nanne Hoekstra fan de Ried fan de Fryske Beweging hawwe: “Minsken dy’t it lêzen fan de Fryske fragen en antwurden oermânsk is, binne ommers wol motivearre om it Nederlânsk oan te klikken. Mar in protte oaren fine it grif moai dat soks yn de eigen taal kin en sille it by de Fryske ferzje hâlde.” No moat dêr gauris wakker om socht wurde, al is der in grut ferskaat oan wizen fan presintearjen fan de stimhelpen.

De gemeente Ljouwert docht it frij goed. Op de gemeentlike webside wurdt in dúdlike kar jûn tusken de Nederlânske en de Fryske stimhelp. Wa’t op de Fryske link klikt, bedarret daliks by de Fryske ferzje fan de StemWijzer foar Ljouwert. Op de webside fan Noardeast-Fryslân is der mar ien link en dy liedt nei de Nederlânske ferzje fan de StemWijzer. Boppe-oan stiet der wol in knopke mei Nederlands en wa’t dêrop drukt sjocht dat der ek in Fryske ferzje is. Dat, dy is aardich ferside brocht. Súdwest-Fryslân freget noch mear navigaasjekeunsten fan de potinsjele stimmer want wa’t dêr op de webside op it knopke foar de StemWijzer drukt, komt op in algemien skerm en moat dan earst ek noch de gemeente kieze. En dan is der fansels wer itselde taalkarknopke foar de opnimstige brûker.

Ferkiezingsboerd yn de Fryske Marren. Foto: It Nijs

Oare gemeenten lykas Achtkarspelen en De Fryske Marren wurkje mei MijnStem. Dy giet allyksa yn it Nederlânsk iepen, mar op it iepeningsskerm stiet de tekst: Deze stemhulp is ook beschikbaar in het Fries, kies rechtsboven de taal waarin je de stemhulp in wilt vullen. Soks skeelt fansels, al sille der likegoed in protte minsken wêze dy’t rimpen trochklikke nei de earste fraach. Hoekstra is lykwols te sprekken oer dy stimhelp, om’t de taljochtingen fan de partijen, oars as by de StemWijzer, ek yn it Frysk te lêzen binne.

Hoekstra: “Moai dat in protte gemeenten stimhelpen yn it Frysk oanbiede. Nammers net allegearre. Sels in grutte gemeente as It Hearrenfean hat allinnich in Nederlânsktalige StemWijzer. Mar ik ha noed dat gemeenten dy’t it net opfallend genôch dogge, skielk ûnterjochte konkludearje sille dat Friezen der gjin niget oan hawwe. Dêrom ropt de Ried fan de Fryske Beweging de Fryske boargers op om yn harren gemeente de Frysktalige stimhelpen op te sykjen en te brûken. En de gemeenten om dy de oare kear opfallender oan te bieden; leafst as foarkarsfariant.”

maart 8, 2022 20:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.