Fryske Grûnbank set útein

maart 26, 2022 11:47

Yn ’e mande mei agraryske en natuerpartijen wurke de provinsje Fryslân de ôfrûne tiid oan de oprjochting fan de Fryske Grûnbank. Tongersdei 24 maart kamen de dielnimmers foar it earst byinoar. Henk Deinum nimt de foarsittersrol op him. De provinsje hopet dat de Fryske Grûnbank bydrage kin oan it oplossen fan komplekse puzels lykas it stikstof- en feangreidefraachstik.

De Fryske Grûnbank. Henk Deinum fûsket mei Douwe Hoogland. Foto Prov. Fryslân.

Deputearre Douwe Hoogland: “By de natuer- en lânboufraachstikken is de ynset fan grûn faak ien fan de bepalende faktoaren. Grûn is meastentiids in middel om te wurkjen oan bygelyks de lânboustruktuerfersterking, frijwillige ferpleatsingen fan bedriuwen, ekstinsivearring fan de lânbou en it fersterkjen fan de natuer. Dêrom hawwe wy de Fryske Grûnbank ek opnommen yn ús bestjoersakkoart. Sa wolle wy mei ús partners sjen hoe’t wy grûnen yn Fryslân optimaal brûke kinne.”

Mei de kennis fan de ûnderskate dielnimmers lykas Frysk Grûnbesit, LTO, Fryske Miljeufederaasje, de Fryske gemeenten, Wetterkip Fryslân, Kadaster en Steatsboskbehear wurket de provinsje oan de ynrjochting fan de grûnbank. Dy funksjonearret provinsjebreed mei as doel om kennis oer beskikbere grûnen yn Fryslân te dielen. De grûnbank kin advisearje en stypje by it ynsetten of oankeapjen fan grûnen foar bygelyks gebietsprosessen. De grûnbank befettet gjin jildpot. Wol kin er advisearje oer de ynset fan it kredyt dat Provinsjale Steaten beskikber steld hat. Dat jild kin de provinsje brûke foar bygelyks strategyske oankeapen en de ynset fan grûnen.

Foarsitter Henk Deinum: “Moai dat we no los kinne mei de Fryske Grûnbank. Der is in soad wurk oan ’e winkel. Troch gearwurking en kommunikaasje tusken alle belutsen partijen fierder te ferbetterjen, kinne wy de grutte hoemannichte en faak yngewikkelde gebietsopjeften yn ús provinsje in triuw jaan en dêrmei Fryslân (noch) moaier en sterker meitsje.”

maart 26, 2022 11:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.