Fryske Bewegers wer yn beweging
Resint ferskynd
Yn it earste printe nijsbrief fan de Ried fan de Fryske Beweging fan 2022 wurdt nochris weromsjoen op de Fedde Schurerlêzing. Dy hie ferline hjerst plak op de dei foar’t fannijs in strange tichtplicht ynfierd waard omreden fan in jitris oanboazjende koroanaweach.
Mar no’t de koroana wat liket te belúnjen en der omtrint gjin maatregels mear fan krêft binne, sette de Fryske Bewegers wer fan alles op priemmen. Ofrûne sneon hold it Frysk Boun om Utens syn jierlikse gearkomste en de Folkshegeskoalle Schylgeralân hat syn folsleine kursusoanbod foar 2022 yn kalk en semint.
De Ried beleit in gearkomste oer de takomst fan de Fryske Beweging op 23 april, de Fryske Studinteferieningen hâlde diskear, om’t it Krystkongres net trochgean koe, in Krokuskongres, op 7 en 8 maaie, en de Fryse Rie organisearret syn trijejierlikse ynternasjonale moeting fan Friezen op Hilgelân op 20 oant 22 maaie. Mear dêroer, en oer de fierdere aktiviteiten fan de Ried, is te lêzen yn dit nijsbrief:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje