Frou feilich befallen nei oanfal op sikehûs Marioepol
Resint ferskynd
De frou dy’t bliedend fotografearre waard nei in oanfal op in Oekraynsk sikehûs yn Marioepol, is feilich fan in dochter befallen. In twadde frou dy’t evakuearre waard, soe ûnderwilens ek befallen wêze. Mei de poppe, dy’t 3200 gram waacht, giet it goed. De âlden hawwe har Veronika neamd, nei de Grykske goadinne fan de oerwinning, Niké.

Foto: pixabay.com
De poppe waard mei in keizersneed helle. Dat wie yn in oar sikehûs, mei op ’e eftergrûn noch hieltyd it lûd fan de Russyske oanfal op Marioepol. In ferslachjouwer fan parseburo AP berjochtet dat op it stuit fan de befalling it gebiet om it sikehûs hinne opnij doelwyt fan in loftoanfal wie.
Mem Mariana waard woansdei fotografearre doe’t se heechswier it ferrinnewearre sikehûs ûntflechtsje moast. Yn in stippeltsjespyama en mei in tas moast se har in wei bane troch it pún yn in treppehûs. By de oanfal kamen trije persoanen om it libben, mei dêrûnder in bern. Yn elts gefal santjin persoanen waarden ferwûne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje