Frjentsjerter stjoert stimpas om Hollânske plaknamme werom
Resint ferskynd
In ynwenner fan de stêd Frjentsjer yn de gemeente Waadhoeke hat syn stimpas weromstjoerd. Hy hat de gemeente frege om him in oare stimpas te stjoeren, ien dêr’t de plaknamme Frjentsjer op foarkomt of oars de kombinaasje-namme Frjentsjer-Franeker.
Yn 2018 is de gemeente Waadhoeke ûntstien út de eardere gemeenten Frjentsjerteradiel, It Bilt, Menameradiel en in part fan de gemeente Littenseradiel. Dy lêste twa hiene earder al offisjeel besletten om de Frysktalige plaknammen yn de Gemeentlike Basisadministraasje op te nimmen. Dêrtroch koene harren ynwenners de Frysktalige plaknammen sawol yn de Fryske as de Nederlânsktalige kontekst brûke. Om politike redenen hat de ried fan de nije gemeente Waadhoeke fersomme om dy besluten yn syn hiele rjochtsgebiet te harmonisearjen. Yn it ramt fan de Wet Arhi (Algemene regeling herindeling) hie dat wol moatten. Sûnt hat de nije gemeente twa soarten boargers. De iene soarte, de ynwenners fan de eardere gemeenten Menameradiel en Littenseradiel, kin yn in Nederlânsktalige kontekst wol syn Fryske identiteit útdrage en de oare – bygelyks de ynwenners fan Frjentsjer – kin syn Fryske identiteit mar beheind belibje.
Oant no ta hat de gemeente Waadhoeke him efter prosedueren ferskûle. De bestjoersrjochter mocht fan de gemeente perfoarst gjin ynhâldlike útspraak dwaan. It stribjen fan de Frjentsjerter dy’t syn stimpas weromstjoerde wurdt stipe troch de Topografyske Wurkgroep Fryslân. Dy wol, hoe dan ek, ta in ynhâldlike behanneling troch in rjochter komme.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje