Foto-eksposysje ‘De lêsten yn harren soart’ fan Maartje Roos

maart 9, 2022 08:41 Fernijd

Oant en mei 27 maart is yn galery De Roos fan Tudor yn Ljouwert de fotoútstalling Kultureel libben erfgoed – De lêsten yn harren soart fan Maartje Roos te sjen.

Maartje Roos ‘Janke 278’

Eksposysje
De Readbûnt Fryske ko, it Grinzer hynder, it Siuwsk melkskiep, de Bûnte Bentheimer lânbaarch… Se wurde mei útstjerren bedrige. De lêste fyftich jier gie dat proses fan ferdwinende rassen hieltyd hurder. Wiene dy bisten eartiids de earste domestisearre lânbouhúsbisten fan Nederlân, no binne se de lêsten yn harren soarte.

Dat wie foar Maartje Roos reden om dy seldsume húsbisterassen yn ’e skynwerper te setten. Mei de bylden wol se de bisten in gesicht jaan en harren oarspronklike habitat foar it fuotljocht bringe. Kenne de minsken de rassen, de ferskillende Nederlânske kultuerlânskippen en de typyske plante- en blommesoarten dy’t derby hearre werom?

Maartje Roos, ‘Goud Fries’

Wurkwize
Maartje Roos brûkt har fotokamera lykas in keunstskilder ferve brûkt. Troch ferskillende eleminten te kombinearjen, kreëarret se nei eigen ynsjoch in hiel nije foarstelling. Eat dat hielendal net bestiet of net yn ien kear opnommen wurde kin, kin sa dochs ûntstean. Foar de útstalde searje, dêr’t se mear as twa jier oan wurke, die se wiidweidich ûndersyk. Grutste ynformaasjeboarne dêrby wie de Stichting Zeldzame Huisdierrassen (SZH). Se socht kontakt mei natuerorganisaasjes, kultureel histoaryske ynstellingen, bisteferieningen en oare ynstânsjes dy’t ferstân hawwe fan de eleminten dêr’t se fan fûn dat se yn de bylden thús hearden. Se reizge hiel Nederlân troch foar bisten, pleatsen en gewaaksen.

Maartje Roos, ‘Swarte bijen fan Teksel’

It begûn mei Janke 278
De Readbûnt Fryske ko wie in ynspiraasjeboarne foar de searje en eksposysje. Doe’t frou Roos yn kontakt kaam mei Janke, har eigners, de Stichting Readbûnt Frysk Fee, de hearen fan de Fryske Hinneklup en Stichting Seldsume Húsbisterassen, ûntstie it idee foar de searje.

Maartje Roos, ‘Pier’

Janke sette har oan it tinken. De evolúsjeteory en de dêroan ferbûne natuerlike seleksje giet net foar domestisearre bisten op. Se besefte dat de minske der al iuwenlang yn slagget om mei tylt feerassen te foarmjen dy’t oan ús ferlet temjitte komme, en dy’t ûnder oanwêzige omstannichheden rendearje. Mar wat har foaral griep is dat it hieltyd ientoaniger wurdt. De faasje dêr’t rassen mei ferdwine is yn ’e tweintichste iuw rap tanommen. En it liket allinnich mar flugger te gean. Dat besef – en de diskusje oer bistewolwêzen – woe se troch de eksposysje op in positive manier oanfjurje.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.roosvantudor.nl en www.roosphotography.nl.

maart 9, 2022 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.