Folmacht op de stimpas hiel krekt ynfolje

maart 12, 2022 10:59

Ynstjoerd

In ynwenner fan de stêd Frjentsjer yn de gemeente Waadhoeke hie syn stimpas weromstjoerd oan de gemeente. Hy frege de gemeente freonlik him in stimpas te stjoeren mei de plaknamme Frjentsjer of mei de kombinaasje-namme Frjentsjer-Franeker.

Yn it antwurd jout de gemeente oan dat op grûn fan kêst J 8 lid 1 fan de kieswet gjin nije stimpas útrikt wurde kin. Hiel nijsgjirrich binne de twa sinnen dy’t dêrnei komme.

De gemeente brûkt yn syn kommunikaasje rjochting ynwenners de offisjele plaknamme en sil dat ek dwaan bliuwe. As in net besteand wenplak op de stimpas fermeld stiet, kin dat ta ûnjildichheid fan de stimpas liede.

Mei oare wurden as yn in folmacht bygelyks Menaldum of Berlikum ynstee fan Menaam of Berltsum brûkt wurde soe, dan ferwize jo nei in net mear besteand wenplak en soe dat ta ûnjildichheid fan de stimpas liede kinne.

Koartsein it is foar de meiwurksters en meiwurkers fan de stimburo’s yn de gemeenten dy’t Frysktalige plaknammen brûke, saak om de folmachten foar de gemeenteriedsferkiezingen te kontrolearjen op it al of net brûken fan ferwizingen nei net besteande wenplakken. Ommers dy soene liede kinne ta net-krekte folmachten en dus ûnjildige stimpassen.

Soks liket ús nochal nuver. Minsken dy’t yn it deistich bûken noch faak de Nederlânske plaknamme brûke, soene samar harren stimpas ûnjildich meitsje kinne. Mar as jo sokke folmachten wol trochgean litte, dan wurdt dy Frysktalige Frjentsjerter net rjochtsgelikens behannele oan de ynwenners fan Menaam en Berltsum…

Topografyske Wurkgroep Fryslân

10 maart 2022

maart 12, 2022 10:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.