Foaral Harnzers binne fierste grou
Resint ferskynd
Nederlanners binne te grou. De helte fan alle ynwenners fan Nederlân hat mear spek op ‘e ribben as dat sûn is. Fan elke sân minsken is ien sels sa’n omgong dat er offisjeel mei de krupsje obesitas oanhelle is. Dat is net nij, de sifers binne al in pear jier suver gelyk.
Groulivigens is wat mear in krupsje fan ‘e earmelju as fan oaren. Fan ‘e Nederlanners dy’t amper op skoalle west ha, hat 60 persint in grou liif en 18 persint hat obesitas. Fan ‘e minsken mei in hege oplieding binne de sifers 41 en 9 persint. Sjocht men nei it ynkommen, dan binne de ferskillen der ek, mar se binne wat lytser: yn de earmste groep is 53 persint te grou en hat 17 persint obesitas, yn de rykste groep binne dy sifers 44 en 9 persint.
Harns kipt derút as it giet om groulivigens. De havenstêd hat de gewichtichste ynwenners fan Fryslân. It gemeentebestjoer besiket om dêr wat oan te dwaan troch jongelju derta te bewegen om mear te sporten en troch supermerken te freegjen om net tefolle ûngesûne flaubiten te ferkeapjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje