FNP wol debat yn Steaten oer Lelylijn / Deltaplan

maart 27, 2022 08:54

De Steatefraksje fan de FNP hat frege om in debat yn Provinsjale Steaten oer de plannen foar de Lelylijn en it Deltaplan Noard-Nederlân. Dy plannen geane sa breed en der sitte safolle ferskillende romtlike en politike aspekten oan, dat it net sûnder in demokratysk debat yn de Steaten kin. It debat soe noch foar de simmer wêze moatte. Dat seit de FNP yn in fersyk oan de agindakommisje fan de Steaten.

Oanlieding foar it fersyk fan de FNP binne de resultaten fan de maatskiplike koste-bate-analyze, de saneamde Quickscan-MKBA (ûndersyk Diel B) oer it Deltaplan, dy’t it Kolleezje fan Deputearre Steaten okkerdeis oan de Steaten stjoerd hat.
Op 16 juny 2021 hat der in kommisjebesprek west fan it Deltaplan. Dat wie benammen prosedureel, der wie op dat stuit noch neat oan stikken en útwurking beskikber dêr’t PS ynhâldlik oer kedize koene.

Sijbe Knol (boarne: FNP)

FNP-wurdfierder Sijbe Knol: “It Deltaplan is in sadanich majeur punt mei in sadanich brede scope, ek finansjeel, en rikt sa fier yn de takomst, dat it net oars kin as dat PS der ynhâldlik in debat oer fiere. Gean mar nei. It giet neist ynfrastruktuer, mobiliteit en berikberens ek oer ekonomy(ske struktuer) en (grutskalige) wentebou. It rekket it romtlik-lânskiplike, romtlik-ekonomyske, sosjaal-ekonomyske en sosjaal-kulturele belied fan de Provinsje, gemeenten en it Ryk.”

Knol: ‘It giet ek oer bestjoerlike gearwurking, oer demokratyske beslútfoarming by sokke yngripende projekten, oer de rol fan de gemeenterieden, oer it draachflak en de partisipaasje fan it Fryske publyk ensafuorthinne dy’t in besprek freegje. It is allegear nochal technysk mei alle ûndersiken dy’t dien binne. Wy wolle, lykas earder mei de MKBA oer de Feangreide, ek tekst en útlis fan de ûndersikers. By sa’n grut en yngripend punt ûntkomt men ek net oan in folsleine demokratyske behanneling mei ynformaasje, harksitten en kommisjes. Wat de FNP oangiet hat it al fierstente lang duorre.”

maart 27, 2022 08:54
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Doeke Kuipers maart 30, 11:20

    De krimp fan de fryske befolking yn Fryslân wurdt “opfongen” troch migranten…….! Op, foar dy minsken hopelike tydelikheit, kinne Jo gjin Lelyline en gjin nije hûzen bouwe litte!! Dat dogge Jo foar de kommende 50 jier……!!

  2. Tom Dykstra maart 30, 14:55

    De kombinaasje fan huzebou (foar rânestêdminsken) om sa jild foar in Lelyline binne te heljen is gjin foarbyld fan goed bestjoer. Sawol dy huzebou en ek de Lelyline hawwe grutte – mar net neamde gefolgen – foar natuer, lânskip en taal en net altiten posityf. Korrekt dat de FNP dat útstel tsjin demokratysk ljocht hâlde wol.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.