FNP grutte winner gemeenteriedsferkiezings

maart 18, 2022 20:45

Yn fierwei de measte Nederlânske gemeenten sloech in gemeentlike partij de ôfrûne dagen foar master op by de riedsferkiezings. Yn Fryslân wie de FNP lykwols de grutte winner. De partij waard goed tsientûzen kear faker oankleure op it stimbiljet as fjouwer jier lyn. Mei sa’n 36 tûzen stimmen krige de FNP dan ek it heechste tal stimmen út de sechtichjierrige skiednis fan ‘e partij.

It CDA bliuwt de grutste partij yn ‘e Fryske gemeenten. PvdA en FNP geane hast lykop op it twadde en tredde plak. De FNP is de grutste partij wurden yn de gemeenten Noardeast-Fryslân, de Fryske Marren en Tytsjerksteradiel.

Opfallend goed die de FNP it ek yn Ljouwert, tradisjoneel net in sterke FNP-gemeente. De partij ferdûbele syn tal sitten nei fjouwer ta.

maart 18, 2022 20:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.