Finalisten SjONG junior 2022 bekend

maart 24, 2022 18:10

De finalisten fan de earste edysje fan SjONG junior binne bekend. In soad skoallen rûnom yn Fryslân folgen de ôfrûne wiken de kant en kleare muzykles en hawwe harren audysje ynstjoerd. Fan dy skoallen krije no acht de kâns om yn it programma SjONG junior in eigen hit te skriuwen. Mei dat ferske nimme se it yn de finale tsjininoar op.

Boarne: SjONG

Oan ’e hân fan in kant en kleare Fryske muzykles koenen basiskoallen de ôfrûne wiken meidwaan oan SjONG junior. De muzykles kin, noch hieltyd, los dien wurde, mar it resultaat koe ek ynstjoerd  wurde as audysje. De acht skoallen dy’t har no pleatst hawwe meie ûnder lieding fan Raynaud Ritsma  en oare profesjonele muzikanten in eigen liet meitsje. Dat proses wurdt registrearre troch Omrop Fryslân Tsjil en is te sjen yn de searje dy’t fan april ôf te folgjen is. De ûndersteande acht skoallen dûke de kommende perioade de studio yn om harren eigen hit te skriuwen.

De Bining – Westergeast
De Brêge – Skarsterbrêge
Ds. Hasperskoalle – Akkrum
De Mienskip – Bûtenpost
De Pionier – Dokkum
Staetslânsskoalle – Tsjom
De Tarissing – Aldehaske
De Twiner – St. Jabik

De finale, dy’t plak fynt op freed 10 juny yn De Lawei yn Drachten, wurdt presintearre troch Raynaud Ritsma. De sjuery fan de finale bestiet ûnder oare út sjonglearares Simone de Witte en dirigint Theo Brouwer. It tredde sjuerylid bliuwt noch efkes in ferrassing.

SjONG en SjONG junior
SjONG junior hjitte earder Sjongfestival en wie it sjongfestival foar Fryske basisskoallen. Dat is it noch hieltyd, mar it is útwreide mei in muzykles, profesjonele help fan muzikanten en programma’s. It hjit no SjONG junior. SjONG, de sjongkriich foar fuortset ûnderwiis, en Sjongfestival slane dus de hannen yn ien. Dit jier fynt SjONG junior plak, takom jier SjONG.

SjONG junior is in inisjatyf fan Afûk, Keunstwurk, Cedin en Omrop Fryslân. It wurdt útfierd ûnder de paraplu fan Taalplan Frysk en Méér Muziek in de Klas. Mear ynformaasje is te finen op www.sjong.frl.

maart 24, 2022 18:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.