Feriene Naasjes net iens oer Russyske ynfal Oekraïne

maart 2, 2022 20:08

De Miene Gearkomste fan ‘e Feriene Naasjes koe it woansdei net iens wurde oer de Russyske oanfal op buorlân Oekraïne. Fan de 193 lannen stipe in grutte mearderheid fan 141 in feroardieling fan de oanfal. 35 lannen ûnthâlden harren fan stimming en fiif stimden tsjin de feroardieling. De rest hat gjin stimrjocht.

De fiif tsjinstimmen kamen fan Wyt-Ruslân, Noard-Korean, Eritrea, Syrië en fansels fan Ruslân sels. Sina, Yndia en Iran wiene by de net-stimmers.

De 141 lannen dy’t de oanfal feroardielje, easkje dat Poetin syn soldaten weromhellet út de Oekraïne. De Russyske fertsjintwurdiger sei dat dêr gjin sprake fan wêze koe. Hy sei dat dat “radikale krêften” en “nasjonalisten” yn ‘e Oekraïne frij spul jaan soe. It offisjele Russyske stânpunt is dat de Oekraïne nei de opstân fan 2014 en it ôfsetten fan ‘e doetiidske presidint Janoekovytsj gjin wetlik regear mear hat en dat de hjoeddeiske Oekraynske machthawwers ekstremisten binne sûnder rjocht op it lânsbestjoer.

maart 2, 2022 20:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.