Fergien skip poalferkenner Shackleton nei goed iuw fûn by Súdpoal

maart 10, 2022 08:57

It wrak fan it ferneamde skip Endurance fan de Iersk-Britske ûntdekkingsreizger Ernest Schackleton is op ’e boaiem fan de Weddelsee by Antarktika fûn. De Endurance waard op sa’n trije kilometer djipte yn it iiskalde wetter troch in ploech fan wittenskippers fûn.

Endurance (boarne: Wikipedia/National Maritime Museum Greenwich, UK – gjin restriksjes)

De wittenskippers wurken mei-inoar yn de saneamde Endurance22-ploech, dy’t as doel hie om it wrak te finen en tagelyk wittenskiplik ûndersyk yn de Weddelsee te dwaan. It skip is yn 1915 fergien, nei’t op ’e drift rekke see-iis de romp stikkendrukt hie. Yn in parseberjocht skriuwt de ploech dat it wrak yn it sykgebiet leit dat foar it ôfsetten fan de ekspedysje út Kaapstêd wei, in goed moanne lyn, dêrfoar oanwiisd wie.

Mensun Bound, dy’t de syktocht nei de Endurance oerseach, seit dat er net earder in houten skipswrak yn sa’n goede steat oantroffen hat. “It leit rjochtop, grutsk op ’e seeboaiem en is yntakt.” Hy sprekt fan in mylpeal yn de poalskiednis. Frank Worsley, de kaptein fan de Endurance, hold it lochboek fan de Endurance sekuer by. It wrak waard fûn op sa’n seis kilometer besuden de lokaasje dy’t Worsley as lêste notearre.

De ûndersikers hawwe de Endurance mei ûnderwetterkamera’s fêstlein. Op dy bylden is te sjen dat it wrak goed hûndert jier nei sinken noch yn in poerbêste steat is. Sa is it stjoertsjil dúdlik werom te kennen, krekt as de namme fan it skip op ’e efterstjûne, mei poalstjer ynbegrepen. It hout sjocht der noch glêd en net oantaast út.

Endurance (boarne: Wikipedia/Royal Geographic Society – publyk domein)

Ernest Schackleton wie ien fan de legendaryske poalferkenners dy’t oan it begjin fan de foarige iuw inoar besochten ôf te troevjen mei nuodlike ekspedysjes nei de doe noch relatyf ûnbekende Noard- en Súdpoal. Mei de Endurance fear Shackleton yn 1914 nei Antarktika, koart nei út útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch, mei as doel om as earste Antarktika fan kust oant kust te trochkrusen. Rillegau, tsjin de ein fan 1914, kaam it skip yn it tsjokke iis fan de Weddelsee fêst te sitten. De Endurance siet de hiele Antarktyske winter fêst, oant it iis yn septimber 1915 begûn te teien en op ’e drift rekke. De ûnbidige iisskossen skansearren it skip, wêrnei’t der wetter ynrûn en Schackleton opdracht joech om it skip definityf te ferlitten.

Dêrnei moast er mei syn bemanning nei de bewenne wrâld werom sjen te kommen. Moannen oerlibben de manlju op iisskossen, oant ien fan dy skossen yn twaen bruts en se twongen waarden yn harren rêdingsboaten te stappen. Sa kamen se úteinlik by it ûnbewenne Elephanteilân oan, op goed 500 kilometer fan it plak dêr’t de Endurance sonk.

Dêrwei begûn Shackleton mei in stikmannich bemanningsleden yn in provisoarysk fersterke rêdingsboat oan de tocht oer de rûge see nei Súd-Georgia, in ôfhandich eilân eastlik fan Argentinië, dat yn dy tiid troch walfiskfarders brûkt waard. Fiif dagen letter kamen se by it eilân oan. Dêrnei moasten se in grut part fan it ûnherberchsume terrein fan it eilân oerstekke, om einliks rêden te wurden.

Shackleton ferstoar yn 1922 yn ’e âldens fan 47 jier oan hertproblemen, dy’t faaks slimmer wurden wiene troch syn lange, swiere ekspedysjes. Hy waard begroeven op Súd-Georgia.

Besjoch de trailer fan de film Shackleton út 2002.
Besjoch bylden fan de ekspedysje dy’t eartiids makke binne.

maart 10, 2022 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.