“Ferbean om de taal fan de besetter te praten”: taalstriid lôget op yn Oekraïne

maart 26, 2022 12:19

De Russyske ynfal hat derfoar soarge dat de spannings tusken de twa grutte taalgroepen yn ’e Oekraïne tanimme. Yn it westen fan it lân wurdt foaral Oekraynsk praat, mar it easten is fanâlds Russysktalich en yn ’e midden leit in grut oergongsgebiet dêr’t beide talen en in mingfoarm dêrfan praat wurde. It Russysk hie altyd mear status en lang net alle Russysktaligen prate Oekraynsk, wylst it omkearde wol it gefal is. No’t in protte Russysktaligen út it easten wei nei it westen fan it lân ta flechtsje, jout it wolris argewaasje dat guon fan harren gjin Oekraysk prate.

In ferbodsboerd mei in baarch yn de kleuren fan ‘e Russyske flage of de tekst “Ferbean om de taal fan de besetter te praten”: rûnom yn it westen fan it lân binne op restaurants en winkels plakplaatsjes te sjen dy’t dúdlik meitsje dat de minsken dêr gjin sympaty hawwe foar alles wat mei Russysk te krijen hat.
Op it gebou dêr’t de flechtlingen út it easten opheind wurde, hat ien de ferbodstekst ek opplakt. Dy dogge wakker harren bêst om safolle mooglik Oekraynske wurden te brûken.

Sûnt de Oekraynske selsstannigens fiert de oerheid in pro-Oekraynsk taalbelied en draaie de machtsferhâldings tusken de talen stadichoan om, wat in protte spanning opropt. Nei in protte gehakketak is it Russysk yn it easten fan it lân yn 2012 wol de twadde offisjele taal wurden, mar dy offisjele status waard yn 2019 wer ôfskaft. Dat kaam de Oekraynske oerheid ynternasjonaal op in soad krityk te stean.

Planút foar it Russysk opkomme docht hast net ien mear. Minsken dy’t nea in wurd Oekraynsk leard ha, geane no op Oekraynske les. Wurkjouwers yn it westen fan it lân wolle gauris gjin minsken yn tsjinst nimme dy’t de Oekraynske taal net machtich binne.

maart 26, 2022 12:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.