Feie Fonyk: Poetin, in twadde Stalin

maart 10, 2022 12:27

Kollum

Stalin yn 1943 (foto: Wikipedia/U.S. Signal Corps photo – publyk domein)

Op 5 maart 1953 ferstoar Joseph Stalin. Der binne minsken dy’t him beskôgje as de grutste lieder fan de Sovjet-Uny. Hy wie it dy’t fan in efterlik lân in wrâldmacht makke. Fan in ienfâldich lân fan boeren soargje hy derfoar dat it in yndustriële grutmacht waard, dat elkenien lêze en skriuwe koe, dat it lân elektrifisearre waard. Hy wurdt benammen fereare fanwege syn striid tsjin Hitler Dútslân. Guon wolle hawwe dat it lân ûnder syn lieding it grutste oandiel levere om de Twadde Wrâldoarloch ta in ein te bringen.

Stalin waard yn 1922 sekretaris-generaal fan de kommunistyske partij en bleau dat oant syn dea. Pas nei syn dea waard wat langer wat mear dúdlik dat Stalin ferantwurdlik wie foar de dea fan miljoenen Russen. Tsjinstanners fan syn bewâld kamen yn Sibearië telâne. De skriuwer Solzjenitsyn waard fan 1945 oant 1953 opsletten yn dy ‘Goelag Archipel’ en skreau in boek oer de misdiedige strafkampen. It grutste part fan de twangarbeiders siet dêr sûnder dúdlike reden. It boek kaam yn Ruslân pas út yn 1989, nei de fal fan de muorre en it útinoarfallen fan de Sovjet-Uny.

‘The death of Stalin’ is in film út 2017. Yn Ruslân wie de film oant no ta net te sjen. De dea fan de man mei dan in earnstich ûnderwerp wêze, it is in komyske film, dy’t sjen lit hoe’t de hiele klyk om Stalin hinne op syn dea reagearret. It begjint der al mei dat net ien de keamer fan de stjerrende Stalin yn doar. De film lit de machtsstriid nei de dea fan de diktator sjen, dêr’t Chroesjtsjov as oerwinner út komt. Rivaal Beria wurdt fermoarde.

Twa jier letter kaam der in oare film oer de ferskrikkingen fan it bewâld fan Stalin. It is ‘Mr. Jones’ út 2019 oer sjoernalist Gareth Jones út Wales, dy’t in de tritiger jierren ferslach docht fan de tastân yn de Oekraïne, dêr’t troch de lânboupolityk fan it sovjetregear in ferskriklike hongersneed ûntstiet. It wie op grutte skaal in bewuste moard fan de befolking. Jones moat syn ferslachjouwing mei de dea bekeapje.

It binne beide films dy’t in goed ynsjoch jouwe yn de doedestiidske Sovjet-Uny. It is dyselde Sovjet- Uny dêr’t Poetin fan sei dat it útinoarfallen ien fan de grutste rampen fan de foarige iuw wie.

De measten hiene net tocht dat Poetin sa fier gean soe om in oarloch te begjinnen tsjin Oekraïne, mar hy is in twadde Stalin. In man dy’t kritisy fergiftigje lit en dy’t derfan dreamt om Ruslân yn de wrâld wer oan ’e macht te bringen. Der moat alles foar wike.

Yn 1953 wiene de measten bliid mei de dea fan Stalin. Wat soene der op dit stuit in soad minsken en net allinne yn Oekraïne en Ruslân bliid wêze mei de dea fan Poetin.

Hjirby de trailer fan de film ‘The death of Stalin’.

 

 

 

 

 

 

 

maart 10, 2022 12:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.