Europeeske romtesonde net earder sa ticht by sinne as no

maart 31, 2022 08:41 Fernijd

De Europeesk-Amerikaanske romtesonde Solar Orbiter is net earder sa ticht yn ’e buert fan ’e sinne kaam. Neffens de Europeeske romtefeartorganisaasje is de sonde no sa’n 48 miljoen kilometer fan de sinne ôf. Dat is minder as in tredde fan de ôfstân tusken de ierde en de sinne.

Foto: Wikipedia/NASA-SDO (AIA) – publyk domein

De missy is bedoeld om nije opnamen fan de sinne te meitsjen. Net earder waarden fan sa tichtby foto’s fan de stjer makke. De Amerikaanske Parker Solar Probe kaam ferline jier noch folle tichter by de sinne, mar hat gjin kamera dy’t op de sinne rjochte is.

Oan board fan de Solar Orbiter, dy’t 1800 kilo swier is en sa’n oardel miljard euro koste hat, binne tsien wittenskiplike ynstruminten. De ûndersikers hoopje mear te witten te kommen oer de sinne en it magnetysk fjild fan de stjer. Se hoopje ek te begripen wêrom’t de boppeste laach fan de atmosfear fan de sinne (de saneamde koroana) miljoenen graden waarm wurdt en wat de effekten dêrfan foar de ierde binne. De earste resultaten, yn july 2020, ûntbleaten oeral lytse ‘sinneflammen’ op de sinne.

De hjoeddeiske baan fan it romtereau feroaret de kommende trije jier net folle. Uteinlik komt de Solar Orbiter noch tichter by de sinne as no. Yn oktober is dat ‘mar’ sa’n 42 miljoen kilometer.

maart 31, 2022 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.