Ekstra ympuls foar ynnovatyf MKB Noard-Nederlân

maart 9, 2022 08:11

Undernimmers yn it midden- en lytsbedriuw dy’t mjitte wolle oft in nij produkt, tsjinst of proses syn doel berikt of dy’t mei-inoar oan ynnovative oplossings wurkje, kinne subsydzje oanfreegje. Dêr is goed sân miljoen euro foar beskikber. De subsydzjes wurde jûn troch de Ryksoerheid en de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte. It giet om twa subsydzjes út it programma MKB-ynnovaasjestimulearring Regio en Topsektoaren (MIT). De subsydzjes MIT Haalbaarheid en MIT R&D Samenwerking kinne fan respektyflik 12 april en 1 juny ôf oanfrege wurde by it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN).

Boarne: Provinsje Fryslân

Mei de MIT-subsydzjes ûnderstreket provinsje Fryslân it belang foar ûndernimmers om hieltyd wer te ûntwikkeljen en te ynnovearjen. Deputearre Friso Douwstra: “Sirkulariteit, enerzjy, sûnens en digitalisearring binne maatskiplik relevanter as ea. Foar ûndernimmers biedt dat – njonken útdagingen – ek nije ûntwikkelkânsen. Ik bin bliid dat wy mei it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat ûndernimmers mei de MIT-subsydzje stypje kinne by it benutten fan dy kânsen. Sa krije ynnovative ûndernimmers yn it noarden in ekstra ympuls.”

MIT Haalbaarheid
Mei de subsydzje kinne ûndernimmers de ekonomysk en technysk sterke en swakke kanten, kânsen en risiko’s fan in nij produkt, tsjinst of proses ûndersykje. Op basis dêrfan kinne se dêrnei beslute oft se oergeane ta ûntwikkeling fan de ynnovaasje. Der wurdt subsydzje jûn oant fjirtich persint fan de kosten foar ûnôfhinklik ynnovaasje-advys, leankosten fan wurknimmers, eigen oeren, apparatuer en materiaal. Foar in projekt wurdt maksimaal € 20.000 subsydzje takend.

MIT R&D Samenwerking
De twadde subsydzjemooglikheid is bedoeld foar research en development. Undernimmers, dy’t yn ‘e mande mei oare ûndernimmers oan ynnovative oplossings foar de takomst wurkje, kinne stipe oanfreegje foar in ûndersyks- en ûntwikkelingsprojekt. Sa’n projekt ûntwikkelje se mei-inoar in nij produkt, tsjinst of proses yn dat tichteby de merk stiet. Der wurdt subsydzje jûn oant 35 prosint fan de kosten foar ûnder oare personiel, apparatuer en materiaal. Foar sa’n projekt wurdt maksimaal € 350.000 takend.

Subsydzje oanfreegje en kontakt:
MIT Haalbaarheid: www.snn.nl/MITH 2022;
MIT R&D Samenwerking: www.snn.nl/MITRDS 2022;
Telefoan: 050 -5224 915 | Mail: bedrijfsontwikkeling&groei@snn.nl.

maart 9, 2022 08:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.