Einpresintaasje Liza Prins snein yn Keunsthûs SYB

maart 19, 2022 08:45

Lêsmiddei mei Liza Prins op 20 febrewaris (boarne: Keunsthûs SYB)

Snein 20 maart presintearret Liza Prins har projekt Bitterswiet – A Tiny Mulder Inquiry yn Keunsthûs SYB yn Beetstersweach.

Nigethawwers binne foar de iepen middei fan 13.00 oant 17.00 oere fan herte útnûge. Om 15.00 oere sil Liza Prins har ûndersyk en befiningen presintearje. Hja hat har mei har residinsje ferdjippe yn it wurk en libben fan skriuwer, dichter, sjoernalist en lid fan it Fryske ferset Tiny Mulder.

De einpresintaasje sil in iepen middei wêze fan stimmen en klanken, dêr’t spontaan mienskiplik foarlêzen wurdt. De keunstneresse sil har briefwikseling mei Alina Lupu ek presintearje.

Yn dit berjocht fan It Nijs fan 4 febrewaris is der mear oer te lêzen.

maart 19, 2022 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.