Earste aai see-earn Alde Feanen troch webcam fêstlein

maart 15, 2022 19:35

Fan It Fryske Gea

Justermiddei, 14 maart, waard yn de Alde Feanen it earste see-earne-aai fûn. Net troch ien aaisiker trouwens. Elkenien dy’t dat woe koe dat op www.itfryskegea.nl/zeearend sjen, want Fûgelbeskerming Nederlân en It Fryske Gea hawwe dit jier by de nêsten fan trije see-earnepearen webkamera’s ophongen. Dat elkenien kin yn de kommende tiid tsjûge wêze fan wat him dêr yn dy nêsten allegear ôfspilet.

See-earn yn de Alde Feanen op aaien. Foto © It Fryske Gea

Ferline wie it opgroeien fan sûne jonge piken te sjen. It útfleanen koe doe net folge wurde, want de see-earnen seagen de kamera foar in skythúske oan en hiene dêr drok gebrûk fan makke. Yn eardere jierren wiene de leafdesmeneuvels wol goed te sjen en ek it fjochtsjen mei nêstkapers, it rôvjen troch in beamotter en in nêst fol nylguozzepiken, dêr’t it útfleanen doe wol fan te sjen wie.

It docht bliken dat it gebiet fan It Fryske Gea in ideaal plak is om te brieden. De fûgels hawwe nochal wat winsken: der moat moerasnatuer wêze mei wetter fan goede kwaliteit. Der moat fansels ek genôch te fretten wêzen. Rêst is ek fan grut belang. Yn ’e rin fan de lêste jierren hat It Fryske Gea al oan hiel wat jonge see-earnen de gelegenheid bean om grut te wurden en út te fleanen. Ferline jier binne der fiif jongen grut wurden.

maart 15, 2022 19:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.