Dreger om opfangplakken foar Oekraïners te finen
Resint ferskynd
Gemeenten wrakselje mei it finen fan opfangplakken foar Oekraïners. Nei in rappe start liket it realisearjen derfan no dreger te wurden. De 25 feilichheidsregio’s moasten foar moandei 25.000 plakken regelje, moandeitemoarn stie de teller op 24.000.

Hubert Bruls (foto: Wikipedia/Ryksoerheid – publyk domein)
Hubert Bruls, foarsitter fan it Feilichheidsberie fan de gemeenten, tinkt dat dy 25.000 plakken der wol komme sille, mar hy freget him ôf oft dat wol genôch is. “Wy moatte ús tariede op grutskalige opfang. Dat is in gruttere útdaging as dy earste 25.000.”
Oant no ta binne 12.000 Oekraïners oanmeld foar opfang. De feilichheidsregio’s hawwe harren oant no ta faak op tydlike plakken opfongen, lykas hotels of sporthallen. Dat is foar de langere termyn gjin opsje. “Wy wolle net dat minsken wiken of moannen yn in sporthal tahâlde. Dy binne goed foar de earste opfang, mar wy hawwe echt gebouwen nedich dêr’t minsken langer bliuwe kinne”, lei Bruls út yn it NOS Radio 1 Sjoernaal. “Wy sykje foaral nei plakken dêr’t minsken likernôch in healjier bliuwe kinne.”
Dêrby tinkt Bruls bygelyks oan it ombouwen fan leechsteande kantoargebouwen of oare bedriuwsgebouwen. “Sokke lokaasjes binne ideaal, mar op in stuit binne dy ek op. Of it duorret bygelyks in moanne om se om te bouwen. Men kin net samar minsken yn in lege fabrykshal wenje litte.” Bruls is bliid mei de opfang troch partikulieren. “Oars hie de útdaging noch grutter west.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje