Doede Wiersma: Ymmún wêze foar fersiking
Resint ferskynd
Oertinking

Albert Speer (1905-1961). foto Publyk Domein
Yn in djipgeande biografy oer Albert Speer fan Gitta Sereny lêze wy wat Speer sein hat oer minsken dy’t har tsjin Hitler ferset ha. Neffens him hiene dy ‘Kreisauers’ (de wichtichste fersetsgroep) in ôfwar-meganisme dat hy (Speer) net hie! Sels as de Kreisauers oan ’e betsjoening troch Hitler bleatsteld waarden, wiene se dêr, tanksij harren sterke, godstsjinstige oertsjûging, ymmún foar.
Nei de oarloch woe Speer in oar minske wurde. Dêrby waard er holpen troch de protestantske dominy Casalis, de roomske muonts Athanasius en de Joadske rabby Aba Geis. Fan Casalis seit Speer dat er syn gewisse waard.
De evangelisten Matteüs en Lukas fertelle ús oer de fersiking dy’t Jezus belibbe. Se fertelle it as is it mar ien kear bard, mar it sil ek foar Jezus in libbenslange fersiking west hawwe. Fjirtich dagen wiist op in totaliteit. It binne de oer-fersikingen dêr’t wy ek alle dagen mei te krijen ha. Sa’t Jezus dermei omgiet, is in foarbyld foar ús.
Luther dy’t swiere oanfechtingen belibbe, skreau: ‘Christus maior Satan’, dat is: Kristus is mear as Satan.
De minske dy’t de fersiking de baas wurdt, ûndergiet in djippe rêst en frede. Hy fielt him yn ’e sânde himel! It is as sit er oan in miel, dêr’t ingels obers binne. De ferlieder is fuort en de woestyn hat it oansjen fan in prachtige tún.
Yn de opfieding learden de bern fan Ald-Israel al:
“De namme fan de Heare is in sterke toer,
de rjochtfeardige giet dêryn en is feilich” (Spreuken 18:10).
Speer fûn dat it leauwe minsken ymmún makket foar fersiking.
As dat no ris wier is!
Lêze: Matteüs 4:1-11
Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje