Doede Wiersma: In blyn fertrouwen op Jezus ha

maart 27, 2022 07:54

Oertinking

Duccio di Buoninsegna, De genêzing fan in bline (publyk domein)

‘It net libbe libben’ is in oantsjutting foar dingen dêr’t minsken yn har libben net oan ta kamen.
Op har stjerbêd fertelden minsken my dat se sa graach dit of dat noch dwaan wollen hienen. It wie te let. Minsken binne faak blyn foar wat der yn it libben echt ta docht. Faak fertelden se my dat se mear yn harren partner, bern of freonen ynvestearje moatten hiene.

De bline man út it Bibelferhaal stiet model foar sokke minsken. Oan him sjogge wy, dat it in proses is om by de kearn, om by de djippe sin fan it libben kommen, in proses is. Mooglik in libbenslang proses. Yn dat proses geane de bline de eagen stadichoan iepen. Earst is Jezus foar him “de man” (fers 11), dan “de profeet” (fers 17), en op ’t lêst: “Hy is fan God” (fers 33).

Oan de bline en oan ús freget Jezus: “Leausto yn de Minskesoan, leausto yn My, de Rjochtfeardige?”
As wy mei de bline foar Jezus op ’e knibbels falle en sizze: “Ik leau Hear,” dan sil Jezus ús helpe om ta de kearn fan it libben te kommen.
Wa’t foar Jezus op ’e knibbels giet, heart Him sizzen:

“Ik bin it ljocht fan ’e wrâld;
dy’t achter My oan komt, sil wis net yn ’t tsjuster omrinne,
mar hy sil it ljocht fan it libben hawwe” (Johannes 8:12).

Sy wurde rjochtfeardigen en binne “as it moarntiidsljocht dat geandewei helderder wurdt oant it middei is” (Spreuken 4:18).

Lêze: Johannes 9:35-38

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
maart 27, 2022 07:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.