Doede Wiersma: Foaroardiel

maart 20, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

Foar myn sechsde wist ik dat der trije tsjerken yn myn bertedoarp stiene. En dat der yn ús herfoarme gemeente trije rjochtingen wiene: swier, minder swier en licht. Elk tocht fan himsels dat er de wiere tsjerke wie. De sa orizjinele dr. Oepke Noordmans skreau: “Wy rekkenje graach. Fan de bewenners fan ’e ierde lûke wy earst de heidens ôf, dêrnei de mohammedanen en dan de Joaden. Wy hâlde de kristenen oer, mar wy geane fierder: Gryks- en Roomsk-katoliken steane fier fan ús ôf, dus wy hâlde de protestanten oer. Mar dêr binne ek hiel wat streamingen dêr’t wy ús net by thús fiele. Us geastlike famylje is lyts. Soms bekrûpt ús it gefoel dat er útstjerre sil. Gods famylje is grut! Hy is de Heit yn ’e himel.”

De frou út Samaria hat soksoarte fan opfettings: “Jim sizze dat Jeruzalem it plak is en hjir tinke se dat it op dizze berch by Samaria moat.” Jezus tilt de diskusje mei de frou fuort op heger plan: “It plak docht der net ta, it is tiid om ‘echt’, yn geast en wierheid God te oanbidden.” By ‘geast’ tink ik oan it tsjinoerstelde fan de fêststeande foarmen. Net de uterlikheden yn tsjerke, mar wêr’t it echt om giet. De tsjerke kin in prima tsjerkoarder ha, in treflik tsjinstboek mei formulieren, mar as der gjin entûsjasme en leafde yn ’e gemeente is, dan jout it allegearre neat. Jim regels, allegearre goed en wol, seit Jezus tsjin ’e Farizeeën, mar de leafde ûntbrekt!
‘Wierheid’ stiet foar it ûnechte oer. Jonge minsken sykje yn tsjerke echte, oprjochte leauwigen, in echte earetsjinst, echte foargongers. Om dy geast fan ienhied en wierheid ûnder leauwigen bidt Jezus yn Johannes 17

Lêze: Johannes 17:11b (Hillige Heit)-15

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
maart 20, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.