De Fryske flagge út yn Reeuwyk
Resint ferskynd
Sneon 26 maart hongen yn de omjouwing fan sealesintrum De Brug yn Reeuwyk rûnom Fryske flaggen. It Frysk Boun om Utens (FBoU) hie dêr syn jiergearkomste. De Fryske Krite ‘Fier fan hûs’ yn Boadegraven-Reeuwyk wie gasthear. It middeisprogram stie yn it teken fan it 75-jierrich bestean fan dy aktive organisaasje. Troch Covid-19 koe dat spitigernôch yn 2021 net trochgean. Dat de Friezen ynfloed hawwe yn Boadegraven is dúdlik: de brêge hong ek fol mei Fryske flaggen!

Foto Arjen Dykstra
Om in oere of tsien streamde it sintrum fol mei Friezen út alle wynhoeken fan Nederlân wei. Tsien fan de tolve oansletten kriten hiene minsken nei Reeuwyk stjoerd. Kritefoarsitter Hâns Dijk (foto) iepene de dei mei in soad humor. Nei it sjongen fan it Frysk folksliet gie de formele gearkomste los. Skriuwer Kees van der Beek lei oan ’e hân fan it jierferslach út, hoe’t it der mei FBoU foar stiet. Yn 2023 bestiet it FBoU hûndert jier.
Mei syn PLAN23 wol It Boun de mooglikheden realisearje om in adekwaat en effektyf funksjonearjend ynformaasjesysteem op te setten. Op dy wize kin elkenien streekrjocht op ’e hichte holden wurde fan nije ûntwikkelingen en fan gearkomsten dy´t rûnom hoden wurde. In soad minsken hawwe harren adres al trochjûn. Dat giet fierder as allinnich Nederlân. Sels yn Tasmanië binne Friezen om utens ynteressearre yn wat der yn Fryslân bart. Binne social media de takomst foar it FBoU?
It brûken fan sosjale media, dêr docht it FBoU serieus ûndersyk nei. Foar it middeisprogramma wie Lysbeth Jongbloed-Faber fan de provinsje Fryslân útnûge. Sy hat ek ûndersyk dien nei it brûken fan Frysk yn de sosjale media. Akademysk ûndersyk hoecht wis gjin swiere kost te wêzen, dat waard wol dúdlik. Der wie in goede ynteraksje mei de seal en der kamen moaie diskusjes nei boppen.
It twadde part fan de middei begûn mei felisitaasjes fan pommeranten oan de jubilearjende krite. Nei in wurdsje fan Jan Bijkerk, foarsitter fan it FBoU, kaam boargemaster Van Heijningen fan de gemeente Boadegraven-Reeuwyk oan it wurd. Dy lei de klam op de yntegraasje fan de Friezen yn de gemeente. Se binne sichtber as grutske Friezen, mar spylje ek in rol yn it polityk en maatskiplik libben. De boargemaster hie ek regele dat de kommissarissen fan de Kening yn Fryslân en Súd-Hollân in digitale speech holden. Spesjale oandacht wie der foar Ruud Kooistra. Hy skreau in boek oer de famylje fan Harmen Kooistra, grûnlizzer fan de Krite yn Boadegraven. Ruud fertsjinne dêrmei de literatuerpriis fan Krite ‘Fier fan Hûs’.
Nei it offisjele part koene de oanwêzigen genietsje fan de foarstelling ‘It komt wer foar ’t ljocht’ fan Aeltsje Walsma en Gea Verhaag, pakesizzers fan Klaes Westra. It selskip Klaes Westra joech yn de foarige iuw foarstellings, rûnom yn Fryslân mar ek by de kriten yn hiel Nederlân. Dêrmei wurdt fuortendaliks dúdlik dat kriten in wichtige rol hawwe yn it behâld fan de Fryske taal en kultuer.
Wa’t mear witte wol, kin ris jen op http://www.fryskbutenfryslan.frl/ en https://www.klaeswestra.nl/
Arjen Dykstra
Op nei de 100!